Kroade

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Moderne kroade

In kroade is in ferfiermiddel mei ien as twa tsjillen en twa hânfetsels, dat troch ien persoan treaun wurde kin.

It gebrûksgemak fan in kroade sit him yn it prinsipe fan de hefearm. De skoarre leit oan de ein by it tsjil. It swiertepunt fan de lading leit koart by dat steunpunt. Fierder fan de skoarre ôf is dêrom mar in relatyf bytsje krêft nedich om de lading te tillen.

Kroaden waarden al yn de Midsieuwen brûkt om swier guod te fersetten. Tsjint wurdich wurdt er fral nog brûkt by it túnkjen en yn de huzebou foar it fersetten fan, bygelyks dong (kret), sân, grutte poarsjes túch as wetter.

Eartiids wienen kroaden fan hout makke; op't heden binne se meast fan stiel en hawwe sy in tsjil mei luchtbân, de bak kin ek fan keunststof makke wêze.

Figuerlike betsjutting[bewurkje seksje | edit source]

It wurd kroade wurdt ek brûkt yn de betsjutting fan foarspraak, en dejinge dy't de foarspraak docht, by it krijen fan bygelyks in baan.

Gallery[bewurkje seksje | edit source]