Kraan

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Kraan
Grus grus 5 (Marek Szczepanek).jpg
taksonomy
Klasse: Fûgels (Aves)
Skift: Kraaneftigen (Gruiformes)
Famylje: Kraanfûgels (Gruiidae)
soarte
Grus grus

De Kraan (Grus grus) is ien fan de grutste Europeeske fûgels. It is de ienichste soarte fan de famylje fan de Kraanfûgels yn Noard- en Midden-Europa.

Foarkommen[bewurkje seksje | edit source]

De grize Kraan is in 122-122 sm grutte fûgel mei lange poaten en in lange hals. De kop en hals fan de Kraan binne swart mei in reade skedel en wite streken oan de sydkant fan de kop en hals. Hy hat grise fearen, mei opfallende fearren dy't yn in bôge oer de sturt hingje. De spanwiidte fan de wjukken is sa'n 220 sm. De Kranen fleane mei útstrekte hals, yn in kloft yn in lange rige of V-formaasje. Fierder falt syn trompet-eftige lúd op.

Fersprieding[bewurkje seksje | edit source]

De Kraan is in trekfûgel. Yn de simmermoannen binne de kranen yn harren briedgebieden yn Noard- en East-Europa. Sy libbje meastentiids yn sompen. Eartiids kaam de Kraan ek yn Nederlân foar, mar hjoed de dei binne der eins net in protte geskikte gebieten foar de Kraan om te brieden. Fan 2001 ôf binne der wer inkelde briedgefallen west yn it Fochtelder fean.
Tidens de trek binne de Kranen wol faker yn Nederlân te sjen, foaral yn de Peel yn East-Brabant wolle se tidens de trek wol ús delstrike. De fûgels dy't yn de meast westlike gebieten briede oerwinterje meast yn Marokko en op it Ibearysk Skiereilân. De mear eastlike fûgels meast yn East-Afrika yn de sompen by de Nyl.

Iten[bewurkje seksje | edit source]

De Kraan is net in sinnige iter, hy mei fan alles. Fan sied en dielen fan planten oant ynsekten en oare lytse dieren.

Fuortplanting[bewurkje seksje | edit source]

De Kranen begjinne yn it foarjier mei in opfallende balts. Sy dûnsje in rûntsjes werby se mei de wjukken wiidút om inoar hinne springe, werby se lúd trompetterje. De fûgels meitsje in nêst fan planteresten, leafst yn de sompen sadat it wetter om it nêst hinne leit. It wyfke leit 2 aaien dy't troch beide âlden yn sa'n 29 dagen útbred wurde. It duorret dan noch 9 oant 10 wiken foar de jonge fûgels fleane kinne, mar ek dan bliuwe se noch tot oant de winter by harren âlden.