Kortikosteroïde

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Gemyske struktuer van kortikosteron

Kortikosteroïden binne in gemyske fariant fan it lichemseigen bynierskorshormoan. Dy groep fan stoffen ûnderdrukt ferskate reaksjes fan it lichem by ûntstekkingen, al as net by ynfeksjes. Teffens hawwe hege doseringen (in meast stimulearjende) ynfloed op de psyche.

De bynierskorshormonen wurde makke troch de skors fan de bynieren. Dy hormonen kinne twa soarten yn ûnderskieden wurde:

Glukokortikoïden[bewurkje seksje | edit source]

In foarbyld is it hormoan kortisol. Glukokorticoïden wurde ûnder ynfloed fan it ACTH (AdrenoKortikoTroop Hormoan) makke, dat hormoan wurdt ôfjûn troch de hypofyse, en befoarderje it omsetten fan aaiwiten en fetten yn glukoaze (glukoneogenese). Dêrtroch stiigt it bloedsûkerhalte. Glukokortikoïden binne wichtich foar it regeljen fan de aktiviteit fan it ymmúnsysteem, komme mear frij by stress en ûnderdrukke ûntstekkingsreaksjes.

As medisyn wurde yn it plak fan it natuerlike kortisol fral syntetyske derivaten foarskreaun. De neifolgjende middelen binne registrearre foar it gebrûk as genêsmiddel: Kortison, Hydrokortison, Prednisolon, Prednison, Metylprednisolon, Triamsinolon, Betametason, Deksametason. De earste 2 hawwe ek in frij sterke mineralokortikoïde wurking, prednisolon al minder, de lêste 3 hast net. Foar lokale tapassingen (eachdrippen, eardrippen, noasspray, ynhalaasje (by astma en COPD), hûd) binne der noch mear middelen beskikber.

Kortikosteroïden kinne op ferskate wizen tatsjinne wurde[1]:

  • Oraal: opnimme troch de mûle (systemysk opnimmen)
  • Dermaal: fia de hûd (fral by hûdoandwanings)
  • Ynhalatoir: in aerosol of poeder wurdt ynademe
  • Yntraveneus: fia in infuus (meastal by in hegere dosis en/of stjitkuer)
  • As eachdrippen
  • Per ynjeksy

De wichtichste bywurkingen fan kortikoïden op de lange doer binne:

Om dy lêste reden mei it brûken fan orale kortikoïden net yn ien kear stoppe wurde, mar ôboud wurde neffens in ôfbouskema. (sjoch Addisonkrisis)

Mineralokortikoïden[bewurkje seksje | edit source]

In foarbyld is aldosteron wat makke wurdt yn it byniermoarch. Mineralokortikoïden regelje mei de bloeddruk en de wetter- en sâlthûshâlding. Sy befoarderje de weromresorpsje fan natrium en wetter yn de nieren. Teffens befoarderje sy de útskieding fan kalium troch de nieren. Registrearre as genêsmiddel is it Fludrokortison, wat in folle langere healweardetiid hat as aldosteron.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 Farmacotherapeutisch Kompas