Springe nei ynhâld

Kollumer tsiis

Ut Wikipedy

Kollumer tsiis wie in tsiis dy't makke waard troch, earst de Frico en letter Friesland Foods. De tsiis wurde net makke yn Kollum en hat ek gjin Kollumer komôf, mar waard ûnder oaren yn it Burgumer molkfabryk 'Bergumerdam' produsearre (dat yn 2003 sletten is). It resept fan de tsiis is yn 2003 ek in bytsje feroare. Nei in tebekrinnend merkoandiel Kollumer tsiis en mei troch strangere Jeropeeske hygiëne-foarskriften foar de bewurking fan molke, is de produksje yn 2007 stoppe.

Kollumer tsiis wie de iennichste fabrykstsiis dy't fan rauwe molke makke waard en wie in stikje pittiger as oare oan Goudske tsiis besibbe tsiissoarten.

Yn de tv-reklame foar Kollumer tsiis waard yn 1995 it liet Country Boy fan Johnny Cash brûkt om it yn bylden fette plattelânsgefoel te fersterkjen. Dêrby waard de slogan Wa't tsiis kiest, kiest Kollumer tsiis brûkt. Wa't doe 15 pûn Kollumer tsiis kocht krige in CD single fan Cash mei de nûmers A Thing Called Love en A Boy Named Sue der fergees by.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]