Klaske Hiemstra
Appearance
Klaske Hiemstra (Vledder, 24 febrewaris 1954), is in Fryske skriuwster.
As bern fan Fryske âlden groeide se twatalich op. Fan har achtste jier ôf publisearre se (yn it Nederlânsk) op de berneside fan de Friese Koerier. By har stúdzje Nederlânsk keas se Frysk as byfak. Se begûn pas Frysk te praten yn 1997 doe't se frege waard om as skriuwster sit te nimmen yn it Skriuwersboun. Sûnt 31 desimber 2009 is Klaske Hiemstra fêste kollumniste by de ynternetside fan de Ried fan de Fryske Beweging, www.itnijs.nl.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Romans
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Retoer Skylge (2004) in heal en heal autobiografysk roman oer it ferskynsel "bylden fan it ûnbewuste".
- It rinnen fan Silke (2006), in roman oer in studinte rjochten dy't yn grins wennet en dermei libje moat dat har mem komt te ferstjerren. Sy docht al it mooglike om út de tizeboel te kommen dy't har gefoel tjirget.
Mearkes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De bok, it gouden aai en de sân ravens (1996), befettet it ferhaal "It lân fan altyd snein" dêr't Klaske Hiemstra de tredde priis mei wûn. It is in mearke, lykas: "Eilânreis", dat ferskynde yn 2007. Yn dit ferhaal giet in famke mei har geastlik handikapte suske op stap om de mem te sykjen. It is in symboalyske reis. As yn de measte mearkes rint it goed ôf.
Dichtwurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De skaadfrou, (2003).