Vledder (doarp)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lizzing Westerveld
Himrik fan Vledder

Vledder is in esdoarp[1] yn it súdwesten fan Drinte yn de gemeente Westerfjild (Westerveld). Yn it hjoeddeiske doarp wenje in lytse 2000 ynwenners. Oant de gemeentlike weryndieling fan 1998 wie Vledder in selsstannige gemeente fan sa'n 3500 ynwenners. Ta dy gemeente hearden neist Vledder de doarpen Vledderfean, Wilhelminaoard, Doldersum, Boschoord, Frederiksoard en Nijensleek.

Vledder hat, lykas in soad oare Drintsje brinkdoarpen, een lange skiednis. Yn de omkriten fan Vledder binne ferskate grêfheuvels en urnefjilden fûn út de nije stientiid. Er binne meardere prehistoaryske fynsten die as stienen bilen, barnstien en urnen.

De namme Vledder tsjut op in wiet plak. De twa âldste strjiutten fan it doarp lizze dan ek om leger plak dat eartiids nochal wiet wie. It doarp hat twa brinken, dy't yn de folksmnûle de grutte en de lytse brink neamd wurde. Krekt as by alle esdoarpen, leit net fier fan it doarp in beek, de Vledder Aa. It Vledderfjild efter de es is no in boskwachterij fan Steatsboskbehear. By dit Vledderfjild wie fan 1939 - 1981 in kamp, Kamp Vledder.

De Johannes de Dopertsjerke is ien fan de pear Drintse doarpen mei in tsjerke mei in sealdaktoer. Dat hat te krijen mei de lizzing fan Vledder frij ticht by de Fryske grins dêr't dit type tsjerketoer folle mear foarkomt.

Yn it doarp binne in oantal musea: in museum foar falske keunst en foar grafyk en in skulpemuseum (Miramar Seemuseum). Fiif kilometer fan Vledder leit it Nasjonaal Park Drintsk-Fryske Wâld. Ek stiet yn it doarp in nôtmooltsje.

De fuotbalferiening fan Vledder hjit BEW (blau en wyt), oprjochte yn 1951.

[bewurkje seksje] Foto's

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Bijhouwer J.T.P. (1977). Het Nederlandse Landschap. Amsterdam: Kosmos.
Internet-web-browser.svg 52° 51' NB, 6° 13' EL
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen