Kerosine

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
In flesse kerosine

Kerosine of piteroalje is in by fraksjonearre destillaasje fan ierdoalje ferkrigen middenfraksje, folgjend op de benzinefraksje. It wurdt makke by in kôktrajekt fan ± 150 °C – 290 °C. It is in mingsel fan alifatyske (paraffine en isoparaffinen) en syklyske (aromaten en naftenen) koalwetterstoffen en befet wikseljende hoemannichten soerstof- stikstof- en swevelferbinings fan koalwetterstoffen. Kerosine hat in energetyske wearde fan 43,1 MJ/kg, fergelykber mei dy fan dieseloalje. De soartlike massa is 0.78-0.81g/sm3.

Gebrûk[bewurkje seksje | edit source]

Piteroaljestel

Foardat benzine en de benzinemotor yn swang rekken wie kerosine it meast brûkte ierdoaljeprodukt en waard dêrom nei de grûnstof ek "piteroalje", "petroalje", "peteroalje" of koartwei "peut" neamd. It waard benammen brûkt yn it húshâlden, foar ferwaarming, koitsjen en as lampoalje foar ferljochting.

Kerosine as brânstof ("Jet A1") wurdt brûkt yn strielmotors, turboprops en turbofans fan fleantugen.

By de Nederlânske kriichsmacht wurdt tocht om oer te skeakeljen fan diesel nei kerosine as brânstof. Kerosine is op miljeu- (it ferbaarnen fan kerosine feroarsaket sechtich persint minder ruotútstjit) mar ek op finansjeel gebiet (de priis fan kerosine leit in stik leger as dy fan diesel) geunstiger yn it gebrûk.

Reaktive metalen, lykals kalium en natrium, wurde faak ûnder piteroalje bewarre omdat se yn iepen loft reageare mei de dêr oanwêzige wetterdamp.