Kening (skaken)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De kening by it skaken.

De kening is ien fan de seis ferskillende skaakstikken.

Begjinposysje[bewurkje seksje | edit source]

Beginposysjes

De wite kening stiet yn de begjinposysje op e1, neist de dame. De swarte kening stiet tsjinoer de wite kening op it fjild e8.

Fjilden[bewurkje seksje | edit source]

Keningsfjilden binne dy fjilden dy't troch de kening bestrutsen wurde. De kening kin him mar ien fjild bewege, mar wol yn elke rjochting. Mar hy mei nea op in fjild komme dat troch de oare partij bestrutsen wurdt.

  • Stiet de kening op fjild a8 dan bestrykt hy trije fjilden: a7, b7 en b8.
  • Stiet de kening op fjild e1 dan bestrykt hy fiif fjilden: d1, d2, e2, f1 en f2.
  • Stiet de kening op ien fan de sintrumfjilden dan hat hy mei acht fjilden syn grutste berik; bygelyks fan e5: d4, d5, d6, e4, e6, f4, f5 en f6. Dat is dus maksimaal ca 14% fan it skaakboerd.

De kening wurdt oan it begjin fan de partij meastal yn feilichheid brocht troch de rokade.

Sterktes[bewurkje seksje | edit source]

De kening bestrykt fergelike mei de measte skaakstikken in bytsje fjilden. Kombinearre mei de kwetsberens fan de kening (it doel fan it spul is om de kening mat te setten) is it dêrtroch feitlik it swakste stik. It sterkste stik is yn alle gefallen de keninginne, mar by it skaken giet it om de kening: de spiler dy't syn kening net langer ferdigenje kin ferliest it spul. It skaakspul draait dan ek om de ferdigening fan de eigen kening en it mat setten fan dy fan de tsjinstanner.

Oan de kening wurdt dêrom tradisjoneel in ûneinige wearde takend want 'ferlies' fan de kening betsjut ferlies fan de partij.

Yn de iepening en yn it middespul stiet de kening it feilichst oan de râne fan it boerd en wurdt hy beskerme troch de eigen pionnen; bygelyks troch de rokade. Pas yn it einspul, wannear't der minder stikken op it boerd stean, spilet de kening aktyf mei; benammen út it sintrum wei en as help by it matsetten fan in KA (kening-allinne) is hy dan in sterk stik.

De kening kin him like fluch yn skeane as yn fertikale rjochting nei in bepaalde rige bewege, it ôfleine paad oer de diagonaal liket it grutst mar is it net.

Spulregels dy't de kening beskermje[bewurkje seksje | edit source]

Begjinnende spilers leare faak: at de kening slein wurdt, hast ferlern. Dat is net hielendal wier, want de kening kin net slein wurde. It is sels ferbean dat in spiler oan set is en by steat is de fijanlike kening te slaan.

Docht jo tsjinstanner in set dêr't hy de eigen kening mei skaak set, (of, wat op itselde delkomt, fersommet hy skaak te parearjen), dan is dat gjin minne set mar in net-tastiene set. Jo meie de kening net slaan en de winst opeaskje. Jo moatte jo tsjinstanner der op wize, dat hy in flater makket en in oare set dwaan moat. Foar de strategy fan it skaakspul makket dat gjin ferskil.

As in spiler net skaak stiet en gjinien reglemintêre set dwaan kin (en it skaaksetten fan de eigen kening is net reglemintêr), dan stiet hy pat. It spul is dan remise. Dit kin foar de strategy fan it spul in grut ferskil meitsje.

KA (kening-allinne)[bewurkje seksje | edit source]

De kening is in KA as der gjin oare stikken fan deselde kleur binne. Om de KA mat te setten is de eigen kening plus ien swier stik (dame of toer) nedich. Met ien inkeld licht stik kin it mat net forsearre wurde. It kin wol mei twa lopers of ien loper en in hynder. Sjoch matfiering.