Kategory oerlis:Lânseigen fauna yn de Kanaryske Eilannen

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

op of yn?[boarne bewurkje]

Net "Lânseigen fauna op de Kanaryske Eilannen"? RomkeHoekstra (oerlis) 6 des 2023, 18.29 (CET)[beäntwurdzje]

@RomkeHoekstra: Ja, dat is sa'n gefal dat je tinke fan: wat moat ik? By lannen dogge we "yn", dus "blablabla yn Spanje", mar ek "blablabla yn de Bahama's", hoewol't dat ek "op de Bahama's" wêze kinne soe. Mar dan sitte je der wer mei dat je eltse kear neitinke moatte fan: is it by dit lân "yn" of "op"? Dus bgl. by "Kultuer yn ..." haw ik oeral mar it foarsetsel "yn" oanholden, want it is yn in lân (net op in lân), dus dan ek ek mar "yn de Bahama's" en "yn de Marshalleilannen". Dan komme je dus letter by de Kanaryske Eilannen, dy't gjin lân binne, en dan tinke je: hmm, moat ik no mei "op" begjinne? Ik haw der mar foar keazen om oeral "yn" oan te hâlden, dat makket it neffens my wat simpeler. It klinkt wat apart, dat jou ik grif ta, mar ik tink dan altyd mar dat it koart is foar "yn de autonome mienskip fan de Kanaryske Eilannen". Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 7 des 2023, 00.32 (CET)[beäntwurdzje]