Karpaal tunnelsyndroom

Ut Wikipedy
Karpaaltunnelsyndroom

Karpaal-tunnelsyndroom (CTS) is in oandwaning yn de pols wêrby't de middelste senuw (nervus medianus) yn 'e knipe sit. De nervus medianus rint út de ûnderearm wei troch in iepening yn de hânwoartelbonkjes nei de hânpalm. Dizze iepening wurdt de karpale tunnel neamd. It karpale-tunnelsyndroom treedt op at it weefsel yn en om de karpale tunnel swold is. De klachten binne faak útienrinnend en fertoane in soad oerlaping mei oare CANS-oandwaningen wêrtroch't goede diagnoaze op basis fan de klachten min te jaan is. Mei elektromyografy (EMG) fan de belutsen spieren kin utslútsel krige wurde oft der al of net sprake is fan karpaal-tunnelsyndroom. As seker is dat de senuw bekneld is kin mei operatyf yngripen de druk op de senuw weinomd wurde. CTS is ien fan de meast foarkommende neurologyske oandwaningen yn de befolking en komt by froulju (noch) faker foar as by manlju.

Trochsneed pols

Symptomen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Typerende ferskynsels:

  • nachtlike tintelingen yn de hân dy't de pasjint wekker meitsje;
  • niging ta wapperjen mei de hannen sadat de klachten ferminderje;
  • fermindere gefoel yn de tomme, wiisfinger, middelfinger en in diel fan de ringfinger;
  • ûnhandichheid en gefoel fan krêftferlies yn de hân (bygelyks by wringen fan in dweil of skriuwen);
  • geregeld dûbelsidich foarkomme;
  • ek oerdei kinne tintelingen foarkomme bygelyks by fytsen;
  • soms wat pine yn de hân of ûnderearm.

Diagnoaze[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By ein typyske presintaasje fan it byld is de diagnoaze al sa goed as seker yn de sprekkeamer. Dizze kin dêrnei begfêstige wurde troch in (koart) spiersenuwûndersyk (EMG), dat útfierd wurdt troch in neurolooch, klinysk neurofysiolooch of eventueel in KNF-laborant. Bloedûndersyk, röntgenfoto's en skens hearre net by de diagnostyk fan in CTS.

Behandeling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der binne min ofte mear 5 mooglikheden:

  • konservatyf (advizen en útlis)
  • spalkjen. By spalkjen krijt pasjint yn maksimaal 4-6 wiken nachts in spalk om de pols dy't de hân rjochter hâldt sadat de senuw mear romte krijt. Faak komme de klachten nei earstoan ferbettering nei in pear moanne werom.
  • behandeling troch in fysioterapeut mei in fystraksjeapparaat. Yn in soad gefallen kin mei 10 - 12 behannelingen troch in fysiotherapeut in goed resultaat helle wurde. Dit kin in alternatyf wêze foar in operaasje. Stúdzjes lykje út te wizen dat it in effektive behanneling wêze kin. Ut ûndersyk (sûnder kontôlegroepen) blykt dat minimaal 75% fan de behandele pasjinten in taname yn spierkrêft registrearden.
  • ynjeksje mei ûntstekingsremmer yn de pols. In ynjeksje wurdt meast ienris jûn mei in kortikosteroïd (bygelyks metylprednisolon) op it plak fan de karpale tunnel. It helpt faker as spalkjen, mar hjirby kinne klachten ek weromkomme.
  • operaasje. In operaasje is in goede en definitive behanneling wêrmei't 90% fan de pasjinten genêst. De operaasje wurdt meastal útfierd troch in neurosjirurch of een plastysk sjirurch.

Beslissing hinget ôf fan de slimmens, de duer, arbeidsomstannichheden en de foarkar fan de pasjint hjiroer.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: