Karin Viard

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Karin Viard by de útrikking fan de César Awards 2000.

Karin Viard (Roeaan, 24 jannewaris 1966), is in Frânsk aktrise dy't in soad prizen op har namme brocht hat.

Sy makke har filmdebút yn Tatie Danielle yn 1990.[1] Dêrnei hie hja rollen yn films sa as Delicatessen, L'Emploi du temps, Adultère, mode d'emploi en La parenthèse enchantée.

Sy wie lid fan de Cannes Filmfestival-sjury yn 2003.

Prizen[bewurkje seksje | edit source]

Viard hat twa César Awards wûn. De earste foar Bêste Aktrise foar har rol yn Haut les coeurs! en de twadde foar de bêste byrol yn Embrassez qui vous voudrez. Fierders is hja noch trijeris nominearre foar in César.

Viard hat ek de priis foar Bêste Aktrise wûn op it Montréal World Film Festival foar har optreden yn Le Rôle de sa vie.

Filmografy[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Karin Viard joue pour de vrai, yn Le Monde