Justus van Maurik jr.

Ut Wikipedy
Portret fan Justus van Maurik jr. door Johan Braakensiek
Boekomslach fan Justus van Maurik syn 'Van allerlei slag', 1881, ûntwerper Johan Braakensiek

Justus van Maurik (Amsterdam, 16 augustus 1846 - dêre, 18 novimber 1904), ek Justus van Maurik jr. neamd, wie in Nederlânske auteur en sigaremakker. Hy wie in pakesizzer fan sigaremakker Justus van Maurik.

Justus van Maurik waard earst ferneamd as skriuwer fan kluchten en blijspullen. Yn 1878 ferskynde syn earste novelle Mie de porster. Hûnderten ferhalen folgen. Van Maurik koe syn lêzers laitsje en gûle litte; laitsje mei syn koartswilige skildering fan folkske types, in trien mei syn oandwaanlike ferhalen. In protte fan syn boeken waarden yllustrearre troch grafikus Johan Braakensiek.

Van Maurik wie ek ien fan de redakteuren fan it yn 1877 oprjochte De Amsterdammer (in deiblêd foar hannel, yndustry en keunst), dat tsjintwurdich as wykblêd De Groene Amsterdammer ferskynt.

Net folle fan syn tiidgenoaten wisten, dat Van Maurik in grutte ynteresse foar it spiritisme hie. Hy trede ek op as medium yn de privee-seânses dy't romanskriuwer Hendrik Jan Schimmel tusken 1874 en 1896 yn Amsterdam hold.

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Een bittere pil (1873)
  • Mie de porster (1878)
  • Janus Tulp (1879, toaniel)
  • Uit het volk (1879)
  • Van allerlei slag (1881)
  • Fijne Beschuiten (1883, toaniel)
  • Met z'n achten (1883)
  • Burgerluidjes (1884)
  • Uit één pen (1886)
  • Krates (1887?)
  • Papieren kinderen (1888)
  • Amsterdam bij dag en nacht (1889)
  • Indrukken van een Tòtòk' (1897)
  • Novellen en schetsen (1900)
  • Toen ik nog jong was (1901) oer û.o. Jacob Frederik Muller en it Fort fan Sjako (hierkazerne yn Amsterdam).
  • Joris Komijn op de Tentoonstelling
  • Op reis en thuis
  • Stille menschen
  • Verspreide Novellen
  • Amsterdam bij dag en nacht
  • Het Amsterdam van Justus van Maurik
  • Novellen losse reisschetsen
  • Novellen Toon Toos en de Opera
  • Novellen De Laatste der Oempah's
  • Novellen Het genootschap Leuterburg
  • Novellen Een vergeten schuld
  • De Buren 1875 toanielstik
  • Janus Tulp 1879 toanielstik
  • Pakketten voor Dames 1880 toanielstik
  • Gewichtige dagen 1830-1831 toanielstik
  • Françoises opstel 1887 toanielstik
  • Anarchisten toanielstik
  • Plicht toanielstik
  • De Planetenjuffrouw 1902 toanielstik
  • Men Zegt..... 1885 toanielstik

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Tydskrift Ons Amsterdam 1994 nû 6 (Het Amsterdam van Justus van Maurik)
  • Uit het leven van Justus van Maurik 1846 - 1904 (J.H. Rössing)
  • Justus van Maurik, producent van sigaren en boeken. Yn Boekenpost 99, 2009

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Boeken fan Justus van Maurik op Projekt Gutenberg
  • Projekt Gutenberg [1],
  • DBNL [2],
  • de webside fan it sigarefabryk,
  • Spectrum Nederlandstalige Auteurs (1985).