Julie Manet

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Julie Manet

Julie Manet (Parys, 14 novimber 1878 - 14 july 1966) wie in Frânsk model, skilderesse en keunstsamleresse.

Julie Manet wie it iennichst bern fan keunstner Berthe Morisot en Eugene Manet, de jongere broer fan skilder Édouard Manet. Julie hat in soad posearre foar har mem en oare ympresjonistyske skilders.

Julie har deiboek is útjûn ûnder de titel "Grutbrocht wurde mei de ympresjonisten" en jout ynsjoch yn it libben fan ferneamde Frânske skilders as Pierre-Auguste Renoir, Edgar Degas, Claude Monet, en Sisley, mar ek de Dreyfus Affêre en de steatsbesite fan Tsaar Nikolaas II yn 1896.

Yn maaie 1900 boaske Julie oan Ernest Rouart, keunstner en pakesizzer fan de skilder Henri Rouart. It wie in dûbelde brulloft, want Julie har nicht Jeannie Gobillard troude tagelyk mei Paul Valéry.

Julie Manet as model[bewurkje seksje | edit source]