Jouster Kuierke

Ut Wikipedy

It Jouster Kuierke is in histoaryske rûnlieding mei gids (gildemaster) troch De Jouwer. De kuierrûte giet lâns histoaryske plakken en farwetters. Underweis binne ek âlde gevels, smelle strjitsjes en oare moaie plakjes op De Jouwer te besjen.

It Kuierke, fan hast oardel oere, wurdt simmerdeis hâlden op tongersdeitemiddeis. De organisaasje wurdt dien troch it Gilde Skarsterlân, mar de oanmeldings rinne fia de VVV fan De Jouwer.