Jordaan

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De Jordaan tusken Israel en Jordaanje yn

De Jordaan (Hebrieusk: נהר הירדן, nhar hajarden) (Arabysk: نهر الأردن, nahr aloerdoen), is in rivier yn it Midden-Easten dy't troch de Jordaandelling fia de Mar fan Tiberias nei de Deade See streamt. De trije boarnrivieren fan de Jordaan binne de Dan, Banias en Hasbani. Op it trijelannepunt fan Syrje, Jordaanje en Israël mûnet ek de Jarmuk yn de Jordaan út.

Yn grutte parten foarmet de Jordaan de grins tusken Israel en de besette Westlike Jordaanouwer yn it westen en de Golanhichten (oarspronklik Syrysk en troch Israël beset) en Jordaanje yn it easten.

Tsjintwurdich wurdt 70 oant 90% fan it wetter fan de rivier brûkt foar minsklike doelen dêr't de rivier in stik lytser fan wurden is. Mei as gefolch dat it it opdroegjen fan de Deade See flugger gien is; in proses dat al tûzenen jierren oan de gong is om't der mear wetter ferdampt as dat der ynkomt.

De Jordaan wurdt faak neamd yn de Bibel, dy't ûnder mear ferhellet fan de doop fan Jezus Kristus yn de rivier troch Jehannes de Doper. Dat soe bard wêze kinne op it plak Betany oer de Jordaan.