Johannes Vingboons
Johannes Vingboons (1616/1617 - Amsterdam, 20 july 1670) wie in Nederlânsk kartograaf en akwarellist.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Vingboons kaam út in keunstsinnige hûshâlding. Heit David Vinckboons (1576-1632) wie skilder en syn bruorren Philips Vingboons en Justus Vingboons wienen arsjitekt. Johannes Vinboons bleau frijfeint en wenne mei in grut part fan syn famylje yn de wente anneks atelier oan de Sint Antoniesbreestrjitte, hoeke Salamanderstege, no nûmer 64, yn Amsterdam. Hy krige ûnderrjocht fan syn heit yn it meitsjen fan kaarten, tekenjen en skilderjen.
Nei har' heite dea namen de soannen it pân yn gebrûk as útjouwerij en drukkerij en brochten harren wurk yn eigen behear út: ûntwerptekeningen foar gebouwen fan de twa arsjitekten, lânkaarten en globes fan Johannes. Fiif fan de seis soannen binne koart as langer oant wurk west en faak arbeiden sy mei-elkoar op. Fan sa'n 1640 oant syn dea yn 1670 wie Johannes kaartemakker en akwarellist yn tsjinst fan de útjouwerij fan de Amsterdamske kaartmakker Joan Blaeu.
Vingboons kombinearre sy ambachtlik fakmanskip as kartograaf mei syn artistike kwaliteiten as akwarellist en koe him sa hieltyd mear talizze op it meitsjen fan akwarellen fan eksoatyske kriten. Dy platen basearre er op oanwizings en stuaasjesketsen dy't skippers, stjoerlju en keaplju fan harren reizen meinamen yn opdracht fan de VOC en WIC. Hy makke stedsgesichten, plattegrûnen, kustprofilen en seekaarten en kombinearre dielen dêrfan ta in unike rige tekeningen dy't in byld jouwe fan de doetiids bekende wrâld dy't foar de Nederlânske hannelsposysje fan belang wie. Dy kaarten, plattegrûnen of oansichten binne foar dy kriten no faak de âldst bekende.
It wurk fan Vingboons wie unyk en yn syn tiid al in sammelobjekt dat rike lju graach hawwe woenen. It grutste tal, in searje fan 130 akwarellen ynbûn yn trije atlassen, waard 1654 oankocht troch keninginne Kristina I fan Sweden. Nei har dea kamen de atlassen oan Paus Aleksander VIII, sadwaande hat de bibleteek fan it Fatikaan se no op 'e noed. De op ien nei grutste kolleksje, goed hûndert wurken, is yn it besit fan it Nasjonaal Argyf yn De Haach. In lyts tal akwarellen is opnaam yn de bibleteek fan de famylje De Medici yn Florence. Fjouwer sinjearre kaarten op perkamint dy't meielkoar de hiele wrâld sjen litte binne part fan de samling fan it Nederlânsk Skipfeartmuseum yn Amsterdam.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De akwarellen fan Johannes Vingboons online yn de Atlas of Mutual Heritage
- Johannes Vingboons yn it Nasjonaal Argyf
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|