Jan Rodenhuis

Ut Wikipedy
Jan Rodenhuis
keatser
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 9 desimber 1917
berteplak Húns
stjerdatum 21 febrewaris 1987
stjerplak Ljouwert
sportive ynfo
sport Keatsen
PC 1942
debút 1938
karriêre-ein 1959
ekstra Foarsitter KNKB (1966-1982)

Jan Rodenhuis (Húns, 9 desimber 1917 - Ljouwert, 21 febrewaris 1987) wie sosjalistysk steatelid, haadûnderwizer, keatser en sportbestjoerder út Ljouwert. Syn heit wie boere-arbeider en koster yn Húns. Hy wenne letter yn Sint Anne en Ljouwert.

Rodenhuis krige de Fryske Sportpriis yn 1981 fan mr. Hedzer Rijpstra útrikt foar syn fertsjinsten fan 25 jier aktyf keatser, keats- en fuotbalbestjoerder.

Keatste 25 jier lang en wûn yn dat skoft tiid 62 earste prizen, 42 twadde en 49 trede en fjirde prizen. Mei de ôfdieling Húns fan de KNKB wûn hy yn it partoer fan de Ljouwerter Keats Klup foar de fjirde en lêste kear de Bûnswedstriid. Yn 1942 waard hy kening op de PC yn Frjentsjer mei Feite de Jager en Hans Helfrich. Helle 339 punten yn it Ivich keatsklassemint en waard 20 kear kening. Yn 1940 kaam er yn it bestjoer fan de Feriening fan Keatsers en wie dêr oant 1953 ponghâlder en foarsitter. Yn 1966 waard Rodenhuis foarsitter fan de KNKB en soe dat bliuwe oant 1982. De op it alderlêste momint mislearre fúzje tusken KNKB en CFK hat him lang dwers sitten.
Fierders wie Jan Rodenhuis lid fan Provinsjale Steaten fan Fryslân foar de Partij fan de Arbeid en mei-oprjochter, lid en foarsitter fan de Provinsjale Sportrie. Ek wie hy foarsitter fan Sportklup Ljouwert en hied er sit in ferskate kommisjes.

Keatsprizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1934 Freulepartij 3e priis
  • 1941 Bûnspartij foar senioaren / NK 6e priis
  • 1941 PC 4e priis
  • 1942 PC 1e priis
  • 1945 PC 3e priis
  • 1946 PC 2e priis
  • 1947 Bûnspartij senioaren / NK 8e priis
  • 1947 PC 2e priis
  • 1948 PC 3e priis
  • 1949 Bûnspartij senioaren / NK 6e priis
  • 1949 PC 2e priis
  • 1950 Bûnspartij senioaren / NK 8e priis
  • 1950 PC 4e priis
  • 1952 Bûnspartij senioaren / NK 1e priis
  • 1952 PC 4e priis
  • 1953 Bûnspartij senioaren / NK 1e priis
  • 1954 PC 4e priis
  • 1955 Bûnspartij senioaren / NK 3e priis
  • 1957 Bûnspartij senioaren / NK 1e priis
  • 1958 Bûnspartij senioaren / NK 2e priis
  • 1959 Bûnspartij senioaren / NK 1e priis

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: