Springe nei ynhâld

Jan Nowee

Ut Wikipedy
Jan Nowee
skriuwer
Grêf fan Nowee, de frou en twa bern yn De Haach
Grêf fan Nowee, de frou en twa bern yn De Haach
persoanlike bysûnderheden
echte namme Johannes Nowee
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 17 july 1901
berteplak Arnhim
stoarn 9 oktober 1958 (57 jier)
stjerplak De Haach
wurk
taal Nederlânsk
sjenre jeugdboek
bekendste
  wurk(en)
Arendsoog
útjouwer De Spaarnestad, Malmberg
jierren aktyf om 1926-1958
offisjele webside
Jan Nowee yn de DBNL

Johannes (Jan) Nowee (Arnhim, 17 july 1901 - De Haach, 9 oktober 1958) wie in Nederlânsk ûnderwizer en skriuwer fan berne- en jeugdboeken.

Nowee waard yn 1901 yn Arnhim berne as soan fan winkelman Jacobus Nowee en Jacoba Carolina Borsten. Nowee wie ûnderwizer en haad fan in skoalle. Hy skreau ferskate berneboeken, dy't fan 1926 ôf útjûn waarden troch Spaarnestad. Yn dat jier publisearre er "Lotgevallen van een straatjongen". Ek skreau er edukative boeken - ûnder oare mei de titel Gouderts - foar it leger ûnderwiis. It meast ferneamd waard Nowee lykwols fan de searje jeugdboeken oer de figueren Arendsoog en Witte Veder. Hy sette út ein mei dy rige yn 1935 doe't er ûntduts dat der ferlet wie fan aventuerlike boeken oer it saneamde "Wylde Westen". Fan dy rige ferskynden oant syn ferstjerren yn 1958 19 dielen dy't útjûn waarden troch Malmberg, de útjouwer dy't ek oar wurk fan Nowee útjoech. De Arendsoogboeken binne yn mear as ien taal oerset. Nowee brocht teffens tal fan oare berne- en jeugdboeken op syn namme.

Nowee troude op 1 juny 1927 yn De Haach mei Alida Maria van der Lem. It pear krige 14 bern, sân jongens en sân famkes.[1] Hy stoar yn oktober 1958 yn de âldens fan 57 jier yn syn wenplak De Haach, dêr't er beïerdige waard op it begraafplak Sint Petrus Banden. Hy wie doe haad fan de Sint-Paulusskoalle yn De Haach. Nowee waard ûnderskieden mei it earekrús Pro Ecclesia et Pontifice ('Foar Tsjerke en Paus'). Paul Nowee, syn soan, makke it 20e diel fan de Arendsoogrige dien, dêr't syn heit mei út ein set wie, en heakke der dêrnei sels noch 43 dielen oan ta.

Yn Wageningen waard de Noweestraat nei Jan en Paul Nowee neamd. Twa oare strjitten yn Wageningen waarden nei de twa haadpersoanen fan de troch him skreaune rige ferneamd, it Pad van Arendsoog en it Pad van Witte Veder.

In kar:

Arendsoog
  • Jan Nowee skreau 19 dielen fan de berneboekerige Arendsoog-rige.
Edukatyf wurk
  • Het raadsel van de ruïne, Paters Camillianen, Roermond, 1957, lêsboekje foar de 5e en 6e klasse
  • Bob en zijn speelgoed, Ten Brink, Meppel
  • Gouderts : een nieuwe serie verzamelde leeslessen voor het R.K. lager onderwijs, meerdere delen voor verschillende klassen van het lager onderwijs, Ten Brink, Meppel
Oare jeugdliteratuer
  • De sheriff van Peluda, De Kern, Amsterdam, 1956
  • Het gestolen fabrieksgeheim, Rykspostspaarbank, Amsterdam, 1956
  • Het complot, De Lanteern, Utert, 1955
  • De cowboy-detective, Malmberg, De Bosk, 1940
  • Een jongen vermist, Malmberg, De Bosk, 1937
  • Huize Hoogland, De R.K. Boeksintrale, Amsterdam, 1937
  • Vacantie-genoegens in een jongenskamp, De Spaarnestad, Haarlim, 1934
  • Blond Marieke, De Spaarnestad, Haarlim, 1931
  • De geheimzinnige vliegmachine, De Spaarnestad, Haarlim, 1928 (fannijs útjûn troch Malmberg yn 1940 as Het geheimzinnige vliegtuig)
  • Jan van de majoor, De Spaarnestad, Haarlim, 1928
  • De hoogste klas, De Spaarnestad, Haarlim, 1926
  • Lotgevallen van een straatjongen, De Spaarnestad, Haarlim, 1926

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noat

  1. Nowee, Jack "Biografie J. (Johannes) Nowee (1901-1958)", ynternetferzje, 2010