Inez Timmer

Ut Wikipedy
Der wurdt twivele oer de betroudens fan ien of mear ûnderdielen fan dit artikel.
Sjoch op de oerlisside foar mear ynformaasje en
pas nei kontrôle it artikel oan.


Inez Timmer (Dedemsfeart, 1954) is in Nederlânsk sjongster út Dedemsfeart. Har earste optredens wienen yn it kafee by har thús yn Dedemsvaart. Yn har jeugd learde se trompetspyljen en op har fyftjinde wie se lieder yn har eigen groep.

Tusken 1975 en 1983 song se yn Irolt. Dêrneist song se wol Fryske en Ingelske ferskes, faak waard se dan begelaat troch Peter van der Zwaag.

Yn 1991 die se mei yn de formaasje It Aai fan Abel. Yn datselde jier helle se mei Frederike Kleefstra de finale fan Liet '91 mei Wy geane ús eigen paad.
Inez folge in oplieding ta learares en stie foar de klas oant har njoggenentweintichste. Dêrnei studearre se jazz oan it konservatoarium yn Hilversum.

Se die nei har eksamen mei yn ferskate musicals. Timmer hie optredens yn Eastenryk, Nederlân, Dútslân en New York. Ek treedt se wol op as jazz-sjongster.

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Join the ducks(1979)

CD's mei oaren:

  • Aaipop (1992)
  • De Beste fan Omrop Fryslân (1992)
  • De Beste fan Omrop Fryslân, diel 2 (1993)
  • De Beste fan Omrop Fryslân, diel 3 (1998)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: