Imannuëltsjerke (Urk)

Ut Wikipedy
Imannuëltsjerke
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Flevolân
gemeente Urk
plak Urk
adres Nagel 43, 8322 AX Urk
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 2008-2009
arsjitekt W.M. van Beijnum (Amerongen)
oare ynformaasje
kosten ± 4.000.000 euro
offisjele webside
Side gemeente

De Imannuëltsjerke is ien fan de trije tsjerkegebouwen fan de kristlik-grifformearde gemeente yn Urk.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei de bou fan de tsjerke waard yn 2008 útein set. Dat wie needsaaklik woarn nei't de besteande twa tsjerken (de Maranathatsjerke; it Skûlplak) te lyts waarden foar de groeiende gemeente en in needlokaasje de minsken ek net mear berchje koe.

De tsjerke is in ûntwerp fan it arsjitektenburo Van Beijnum út Amerongen. Der is plak foar 700 minsken mei in mooglikheid om de maksimale kapasiteit út te wreidzjen nei 950 minsken as de galerij fan banken foarsjoen wurdt. Njonken de tsjerkeseal binne der noch in sântal grutte romten, dy't brûkt wurde kinne foar gearkomsten en fraachlearen. De bou fan de Imannuëltsjerke, dy't ek mei help fan frijwilligers ta stân kaam, koste meiïnoar likernôch fjouwer miljoen euro.[1]

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel is ôfkomstich út de yn 2009 ôfbrutsen Sakramintstsjerke fan it kleaster Brakkenstein te Nijmegen. Doe't dy tsjerke plak meitsje moast foar in lytsere tsjerke is it yn 1965 troch de firma Verschueren boude oargel en yn 1967 útwreide ynstrumint mei in rêchwurk oernommen troch de kistlik-grifformearde gemeente fan Urk. De oargelmakkers Kaat en Tijhuis soargen foar de ferhûzing fan it ynstrumint. It moderne front fan it oargel waard net op 'e nij brûkt en ferfongen troch in mear klassyk front. Ek waard de disposysje foar de Immanuëltsjerke op ûnderdielen feroare en krige de kast nije oargelpipen. Op sneon 3 novimber 2012 waard it oargel wer yn gebrûk nommen.[2]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: