Hooglandse Kerk
Hooglandse Kerk | ||
Lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Súd-Hollân | |
plak | Leien | |
adres | Nieuwstraat 20 | |
koördinaten | 52° 9' N 4° 29' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
patroanhillige | Pankratius | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1377-1535 | |
boustyl | gotyk | |
hichte | ferwulft: 13 m - 26,20 m | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 24917 | |
Webside | ||
Side PKN Binnenstedsgemeente | ||
Kaart | ||
De Hooglandse Kerk is in protestanske tsjerke yn 'e Súd-Hollânske stêd Leien. Opfallend oan de nea foltôge tsjerke is dat it goatyske dwersskip folle heger bleaun is as it skip en de relatyf lege toer.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kapel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oan 'e hjoeddeiske tsjerke gyng in houten kapel foarôf, dêr't de biskop fan Utert, Gwijde fan Avesnes, de bou fan op 20 desimber 1314 tastien hie. Dy op it Hege Lân as bytsjerke fan de parochytsjerke fan Leiderdoarp boude kapel waard wijd oan de hillige Pankratius († likernôch 300). In pear desinnia letter waard de kapel ferfongen troch in ienfâldige stiennen tsjerke mei in tuorke. De ekonomyske groei fan 'e stêd Leien makke it dêrnei al rillegau needsaaklik in folle gruttere tsjerke te bouwen.
Kapitteltsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 29 oktober 1366 ferklearre Jan fan Virneburch, de biskop fan Utert, de tsjerke ta kapitteltsjerke. De koarhearen fan it kollegiale kapittel fan Sint-Pankras wiene benammen fan foarname komôf en fakentiden fan adel. Dy nije status joech de oantrún foar de bouplannen fan in grutte krústsjerke, dy't de Piterstsjerke fan Leien yn alles oertreffe moast. Yn 1377 sette de bou útein mei it koer (1391) en in koeromgong (1415). De earste faze fan it suderdwersskip sette útein mei de bou fan 'e Hillige Krúskapel (1436). It neamen fan de Us-Leaffroukapel yn in dokumint út 1448 is in oanwizing foar de oanbou fan it noardlike dwersskip. Tusken 1420 en 1436 binne de tagongsportalen boud en tusken 1432 en 1456 waarden de sydskippen ferbrede. Der wie regelmjittich brek oan jild troch tsjinfallende ynkomsten, jildûntwearding, de ôfhinklikens fan de stêd fan de wolhannel en de hege belestings fanwegen de kriichfierende greven fan Hollân. Nettsjinsteande opûnthâld bleau it projekt lykwols fierder gean en likernôch om 1500 hinne krige it brede dwersskip de tsjintwurdige foarm. Mei in lingte fan 65,70 meter is it it langste goatyske dwersskip fan Nederlân.
Katedraal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op foardracht fan Karel de Dryste joech paus Paulus II op 24 febrewaris 1470 it Pankras-kapittel eksempje, sadat it kapittel net langer ûnder de biskoplike jurisdiksje mar fuort ûnder de paus foel. It like der mar op mei it kapittel en om 1525 hinne hie de oerheid plannen om fan de tsjerke in katedraal te meitsjen. Leien soe dus biskopsstêd wurde en it kollegiale kapittel soe de status krije fan katedraalkapittel, mar safier is it net komd. De tiden waarden ûnrêstich; der ûnstiene spannings yn it kapittel en de ynfloed fan de naderjende reformaasje naam ta. Yn 1535 kaam der oan 'e bou fan de Sint-Pankratiustsjerke foargoed in ein. By de biskoplike weryndieling fan 1559 gie de sit fan 'e biskop nei de Grutte- of Bavotsjerke yn Haarlim. It langer meitsjen en de ferheging fan it skip, in stiennen ferwulft, de loftbôgen en balustraden waarden net mear foltôge. Yn 'e earste helte fan 'e 16e iuw waard de tsjerke rynsk ynrjochte; der wiene 24 alters mei op in prominint plak oan de noardeastlike pylder fan de fiering it alter foar de beskermhillige fan 'e tsjerke: Sint-Pankratius.
Reformaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De byldestoarm fan augustus 1566 feroarsake grutte fernielings. In grut tal keunstwurken en dokuminten gyngen ferlern. De tsjerke waard dan yn 1572 in protestanske tsjerke. Yn tiden fan ûnk en need moast de tsjerke ek tsjinst dwaan foar de opslach fan nôt, lykas by it belis fan Leien yn 1574. Fan 'e oarspronklike roomske ynrjochting bleau hast neat oer.
17e iuw oant hjoeddedei
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke naam yn 'e 17e iuw wat religieuze en maatskiplike saken oanbelanget in foaroansteand plak yn. Ut dy tiid datearje de siichportalen, de banken yn 'e sydskippen, de kânsel, de útwreiding fan it oargel, in grut tal grêfsarken en de hûzen oan 'e bûtenkant fan 'e tsjerke.
Yn it midden fan 'e 19e iuw wie de tsjerke tige brekfallich woarn. Dat hie û.o. te meitsjen mei de eksploazje fan in krûdskip yn 1807. Efkes lieten se yn harren omgean om de tsjerke mar ôf te brekken, mar fan 1840 oant 1903 fûn der in restauraasje plak ûnder lieding fan 'e arsjitekten J.C. Rijk en W.C. Mulder. Underdiel fan it wurk wie it tonferwulft yn it tsjerkeskip (1840) en it houten ferwulft yn it koer en it dwersskip (1850). It koerhek en de houten ôfskiedings tusken it koer en de omgong waarden doe ferwidere.
Nei de Twadde Wrâldkriich waard fan 1952 oant 1972 wer in grutte restauraasje útfierd. Letter fûnen der op lytsere skeal restauraasjes plak, sadat de tsjerke tsjintwurdich yn in goede steat is.
Noch jimmeroan hat de Hooglandse Kerk in tsjerklike funksje. Alle sneinen hâlde de gemeente fan de Protestanske Tsjerke yn Nederlân en de oekumenyske Leidse Studenten Ekklesia dêr harren tsjinsten. Dêrnjonken wurde der regelmjittich kongressen, konserten en oarssoartige evenminten organisearre.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It besjen wurdich is û.o. de preekstoel op in letgoatyske foet út 1632. Fan de midsiuwske grêfsarken is it kannuniksgrêf yn 'e eastlike koeromgong ien fan de moaisten. Fierder is der in ryk dekorearre sark yn it heechkoer foar Justinus fan Nassau († 1631) (de soan fan Willem fan Oranje) en syn frou Anna de Merode († 1634). De ferneamde Flaming Rombout Verhulst makke it epitaaf út 1661 oan 'e súdeastlike krúspylder ta oantins fan boargemaster Pieter van der Werff († 1604), dy't nei syn ferstjerren yn 'e tsjerke byset waard. Yn it súdlike dwersskip stiet it grutte oerwurk út 1607, dat eartiids yn 'e krusingstoer stie. Nei in restauraasje yn 2003 krige it wurkjende ynstrumint it hjoeddeiske plak yn de tsjerke.
De Hooglandse Kerk is ornaris fan 1 maaie oant 1 oktober iepen foar it publyk. Op de Iepen Monumintedagen yn septimber is it somtiden mooglik om de midsiuwske souder te besjen.
Oargels
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Swart/Van Hagerbeer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Noch foar de reformaasje krige Peter de Swart de opdracht om in oargel foar de tsjerke te bouwen. It âldste piipwurk fan it hjoeddeiske oargel stamt fan dat ynstrumint. It hinge doe oan de eastlike kant fan it koer boppe de doedestiidske sakristy. It ynstrumint waard yn 1637 troch de oargelbouwers Galtus en Germer van Hagerbeer grutter makke en ferhûze doe nei de kant fan de toer. Mear oanpassings folgen yn 1702, 1717, yn 'e 19e en 20e iuw troch ferskate oargelbouwers. By de yn 1980 foltôge restauraasje troch Jürgen Ahrend út Lier binne dy feroarings tebek draaid en is it ynstrumint yn 'e 18e iuwske sitewaasje werom brocht.
De komponist Cornelis Schuyt wurke yn 1593 njonken syn heit as organist fan de Hooglandse Kerk. Yn 'e 18e iuw wurke der noch in komponist yn de tsjerke: Christian Friedrich Ruppe. Hy naam eartiids it ynisjatyf ta de oprjochting fan it koar fan it Hillige Geast Weeshûs oan 'e Hooglandse Kerkgracht, dat doe regelmjittich song ûnder de tsjinsten yn de Hooglandse Kerk.
Kammenetoargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It kammenetoargel stie oarspronklik yn it Hillige Geast Weeshûs en waard oan it begjin fan 'e 19e iuw boud troch in ûnbekende oargelmakker. It yn 1866 wizige ynstrumint waard yn 1959 skonken oan de herfoarme gemeente. Yn 2004 waard foar it lêst grut ûnderhâld útfierd.
Katedraaloargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 19 maaie 2006 makke de Stifting "Cathedral Organ Leiden" bekend om foar de Hooglandse Kerk in grut oargel oan te skaffen. Dat moast in oargel wurde dat wat grutte en klankkleur oanbelanget basearre is op it type út de jierren 1880-1920 sa't dy te finen binne yn de Ingelske katedralen. De stifting woe in oargel ha dat it grutste Ingelske oargel fan it Jeropeeske fêstlân wurde moast.
Yn 2007 makke de stifting bekend in oargel oankocht te hawwen, dat oarspronklik troch de ferneamde oargelbouwer Henry Willis boud wie foar de St Mark’s Church yn Birkenhead, Liverpool en tritich registers telde, ferdield oer trije manualen en pedaal. De St Mark’s Church waard yn 1991 sletten en dêrnei ôfbrutsen en sa kaam it oargel frij.[1]
Nei de oankeap fan it ynstrumint krige Henry Willis & Sons de opdracht it oargel yn de Hooglandse Kerk op te bouwen en út te wreidzjen ta in fjouwermanualich oargel mei fiifenfyftich registers. It ynstrumint waard yn de simmer fan 2015 oplevere, it jier dat de tsjerke it 700-jierrich jubileum fierde.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Kerk en Orgel; Skiednis en disposysje De Swart/Van Hagerbeer-oargel
- Skiednis en disposysje katedraaloargel
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Hooglandse Kerk
|