Homonymeflecht

Ut Wikipedy

Homonymeflecht is it besykjen troch oanpassing fan it taalgebrûk betizing tusken homonymen foar te kommen.

Homonymeflecht ûntstiet as wurden mei ûngelikense betsjutting in gelikense útspraak hawwe of krije (homonymen binne of wurde). Dêrom wurdt wol sein wy geane fan 'e jûn fuort ynstee fan wy geane jûn fuort, om't dan betizing field wurdt mei it dêryn foarkommende bywurd jûn en it haadwurd jûn.

Homonymeflecht kin ek ûntstean by in tafloed fan frjemde wurden.