Homokinetyske keppeling

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
3d-model fan in homokinetyske keppeling. (animaasje)
Homokinetyske keppeling mei 6 kûgels

In homokinetyske keppeling of koartsein homokineet wurdt benammen brûkt as ûnderdiel fan in knikbere oandriuwas yn ûnder oare auto's.

"Homokinetysk" betsjut ‘in likense snelheid hawwend’ (yn dit gefal hoeksnelheid). De útgeande as fan de homokinetyske keppeling hat op elk momint deselfde hoeksnelheid as de yngeande as. Dit yn tsjinstelling ta de kardanyske keppeling, wêrby't by in konstante hoeksnelheid fan de yngeande as, de útgeande as in ôfwikseljend hegere en legere hoeksnelheid hat, wêrby't dizze fluktuaasjes grutter binne nei gelang de knikhoeke fan de keppeling grutter is.

De homokinetyske keppeling is yn 1928 útfûn troch Alfred Hans Rzeppa, dy't as yngenieur by Ford wurke. Dizze keppeling bestiet út in koai en in binnenbol, dy't beide gleuven hawwe wêryn't stielen kûgels bewege kinne. Der besteane lykwols ek oare konstruksjes, wêrfan guon as earder bekend wiene, lykas yn de destiidske DKW F1.

Homokinetyske keppelingen binne ûnmisber yn in foartsjiloandreaune auto. Se soargje defoar dat de tsjillen mei in lykmjittige hoeksnelheid oandreaun wurde, ek by in grutte stjoerútslach (± 50° is gjin probleem). As hjir in kardanyske keppeling brûkt west hawwe soe ( lykas eartiids by ûnder oare de Citroën Traction Avant en de earste útfierings fan de Citroën 2CV), soe by grutte stjoerrútslach (bygelyks by parkearbewegingen) de auto skokkerich ride.

By in eftertsjiloandreaune auto hoecht de kardanas mar in lytse knikhoeke te meitsjen troch de fearring fan de efteras. Meidat dizze knikhoeke lyts is, kin hjir folstien wurde mei in ienfâldiger kardanyske keppeling. Boppedat hat in kardanas meastal twa kardankeppelingen, sadat fan de hjirtroch trijedielige kardanas (it ferlingde fan) het earste en it tredde diel lykstrekich binne. Dit levert ek in lykmjitige oerbringing. Sommige eftertsjiloandreaune auto's hawwwe lykwols ek homokinetyske keppelingen yn de efterassen.