Homo habilis
Ut Wikipedy
Homo habilis, wie in minskesoart dy't om-ende-by 2,2 oant 1,5 miljoen jier lyn libbe hawwe yn East-Afrika. Dizze soart wie lytser as de tsjintwurdige minske en syn lingte wie nei skatting tusken 1.20 meter en 1.55 meter. Der binne mar amper fossile resten fûn fan de Homo habilis. Neffens guon ûndersikers binne de resten te primityf om yn it geslacht Homo te passen en soe pleatsing yn Australopithecus better op syn plak wêze.
Yn alle gefallen wurde stiennen ark oan de Homo habilis taskreaun en dêrmei soe dizze soart de earste minskesoart wêze. De omkriten dêr't fossilen fan Homo habilis fûn binne, leinen eartiids yn de savanne. Utsein Afrika binne fierders gjin fûnsten dyn fan de Homo habilis.