Hessel Miedema

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Hessel Miedema (Snits, 21 jannewaris 1929 - Amsterdam) wie in Frysk dichter-skriuwer en keunsthistoarikus oan de Universiteit fan Amsterdam. Miedema jildt as ynternasjonaal gesachhawwend kenner fan Karel fan Mander.

Wie nau belutsen by it tydskrift Quatrebras, dat út Amsterdam wei lieden, yn Fryslân net folle wurdearring krige. Fan 1957-1963 wie hy direkteur fan Museum It Prinsessehof. Syn literêre wurk tsjûget fan krêft en byldzjend fermogen, mar ek fan koarte azem. Naam yn april 1964 ôfskied fan de fryske literatuer.

Yn 1963 giet hy werom nei Amsterdam om syn dissertaasje oer Karel fan Mander te skriuwen.

Wurk[bewurkje seksje | edit source]

  • Op'e literaire toer , samle wurk, Boalswert Koperative Utjouwerij 1973 (werprinting 2010, ISBN 9089541691)
  • Karel van Mander, Den grondt der adel vry schilder-const - tekstedysje mei kommentaar ( dissertaasje bekroand mei Bucheliuspriis, 1973)
  • Kunst, kunstenaar en kunstwerk bij Karel Van Mander : een analyse van zijn levensbeschrijvingen, 1981
  • "Over de betrouwbaarheid van Karel van Mander Hessel Miedema (Amsterdam)", Colloquium Neerlandicum 11 (1991) [1]
  • De Archiefbescheiden van het St. Lukasgilde te Haarlem 1497-1798, 1980, ISBN 9064695849
  • Denkbeeldig schoon: Lambert ten Kates opvattingen over beeldende kunst, 2007 ISBN 9059970357

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: