Hervé Faye

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Hervé Faye

Hervé Auguste Étienne Albans Faye (Saint-Benoît-du-Sault, 1 oktober 1814 - 4 july 1902) wie in Frâns astronoom dy't oplieden waard oan de Polytechnyske skoalle. Hy gie betiid fan skoalle yn 1834 om't er in baan krije koe yn it Observatoarium fan Parys.

Dêr ûntduts er op 22 novimber 1843 de komeet 4P/Faye wêrfoar't er de Lalande-priis krige fan de Académie des Sciences. Fan 1848 ôf waard er learaar geodesy en yn 1854 rektor fan de akademy yn Nancy en professor astronomy yn de fakulteit wittenskippen.
Letter, 1877, hat er ek noch minister yn it kabinet-De Rochebouët.

Hy wie dwaande mei alle flakken fan de astronomy, sa as it berekkenjen fan komeetbanen, stjerren en planeetbewegings en -banen, de geartalling fan de sinne, it parallaksferskynsel. Hy betocht mear as ien teory oer de oarsprong en it foarkommen fan meteoren, kometen, de aurora borealis en de sinne.

Publikaasjes[bewurkje seksje | edit source]

Tegearre mei Charles Galusky fertaalde er Alexander von Humboldt syn Kosmos, in neislachwurk yn 4 dielen út de perioade 1846 -1859. Fierders skreau er tal fan artikels yn wittenskiplike tydskriften en de neifolgjende wurken dy't it neamen wurdich binne:

  • Sur les déclinaisons absolues, 1850
  • Leçons de cosmographie (Lessen yn kosmografy) 1852, twadde edysje yn 1854
  • Sur les cyclones solaires, 1873
  • Cours d'astronomie de l'Ecole Polytechnique,(De kursus astronomy), 1881-83
  • Sur l'origine du monde, (Oer de oarsprong fan de wrâld) 1884, de tredde edysje yn 1895 wie wiidweidiger
  • Nouvelle étude sur les tempêtes, cyclones, trombes, ou tornadoes, 1897

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: