Hendrik Wouda

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Hendrik Wouda (Ljouwert, 10 maaie 1885 - Wassenaar, 25 oktober 1946) wie in Nederlânsk arsjitekt en meubelûntwerper.

Woude ûntwurp meubels ornearre foar massaproduksje, ferljochting en ynterieurs foar wenten, skippen, kantoaren en útstallingen. Syn earste bekende opdracht wie it ûntwerpen fan it ynterieur fan filla 'Sevensteyn' (1920–21) yn it park Zorgvliet te De Haach, boud troch W. M. Dudok. It waard in relatyf ienfâldich ynterieur mei lykwicht yn romtlike effekten en in praktyske romteferdieling.

Wouda wurke ek alline as arsjitekt. Ut syn ûntwerpen foar filla 'De Luifel' (1924) yn Wassenaar en filla Kessler of 'Slingerduin' (1929) yn Velsen docht de ynfloed fan Frank Lloyd Wright bliken.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Veldhuizen, Albert, 1989 Hendrik Wouda. Architect en meubelontwerper (1885/1946).
  • Krabbendam, Hans, 2009 Four Centuries of Dutch-American Relations: 1609-2009 State University of New York Press.