Harmony

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Harmony Excelsior, Pijnacker

In harmony-orkest of koartwei harmony is in orkest dat bestiet út blaasynstruminten (sawol koper as hout) en slachwurkynstruminten.

Oars as by in fanfare bestiet it orkest net allinnich út koperblazers, slachwurkers en saksofoanen, mar dogge ek houtblazers lykas klarinet, dwersfluit, hobo en fagot mei. Troch dy besetting is de harmony by steat om in grut skala oan nuânses te meitsjen.

De besetting fan in harmony-orkest is net altyd gelyk, mar de neikommende ynstruminten waarden fan oarsprong út it eachweid fan in symfoanyske besetting winsklik achte:

Houtblaasynstruminten[bewurkje seksje | edit source]

Koperblaasynstrumenten[bewurkje seksje | edit source]

Slachreau[bewurkje seksje | edit source]

Net-blaasynstruminten[bewurkje seksje | edit source]

It selskip jout poadiumkonserten of marsjearret op de maat fan de muzyk. By marsjearjen rint foar de harmony inkeld in tamboerkorps dat efter in tamboer-maître oan marsjearret. Dy lêste makket it marstempo út en jout de rûte oan. De dirigint jout meast oan wat it repertoire is, mar 'op 'e dyk' wurdt soks gauris oan de tamboer-maître oerlitten.

It harmony-orkest is fuortkommen út de militêre orkesten dy't in funksje hiene (en hawwe) om seremoarnjes muzikaal te begelieden. Troch it goedkeaper ynstrumintarium (yn ferliking mei de djoere strykynstruminten) wie it finansjeel te dwaan om yn in soad doarpen en stêden in harmony-orkest op te rjochtsjen foar de amateur-muzikant. Profesjonele (militêre) orkesten hiene in foarbyldfunksje yn it repertoire mei premjêres fan nije stikken en it útjaan fan CD's.

Underskie tusken harmony-orkesten en symfoany-orkesten[bewurkje seksje | edit source]

Yn tsjinstelling ta it symfoany-orkest is it moderne harmony-orkest in relatyf jonge orkestfoarm, hoewol't der ferienings binne fan sa'n 200 jier âld, de âldste is oprjochte yn 1775 en dat is de Koninklijke harmonie van Roermond. Oare ferskillen binne de funksje en it repertoire fan it harmony-orkest. Spilet it symfoany-orkest allinnich yn in konsertseal, in blaasorkest hat ek in sosjale funksje en wurdt ynset by allerhande barrens lykas festiviteiten, huldigings ensfh. It repertoire fan in harmony-orkest is meast breder as dat fan in symfoany-orkest, sa wurdt gauris ek amusemintsmuzyk en popmuzyk foar de fuotljochten brocht. De djipgong by klassike muzyk is lykwols meast wer minder as by it symfoany-orkest.

Repertoire[bewurkje seksje | edit source]

Orizjinele stikken[bewurkje seksje | edit source]

Bepalende stikken[bewurkje seksje | edit source]

Mei dizze wurken is der foar soarge dat it harmony-orkest as serieuze orkestfoarm sjoen wwaard. Troch de mannichte útfierings yn in relatyf lang skoft hat se bewiisd dat se mei de tiid mei kinne.

Minder bepalende stikken[bewurkje seksje | edit source]

Ek dizze stikken ha bewiisd dat se mei de tiid mei kinne ek al meitsje se in wichtich part út fan it harmony-repertoire, dochs hat se noch net safolle ynfloed hân as boppesteande wurken.

Nijere stikken[bewurkje seksje | edit source]

Understeande stikken binne noch net âld genôch om sizze te kinnen yn hokker kategory se hearre, al liket it der op dat se yn ien fan beide boppesteande kategoryen telâne komme sille.

Transkripsjes[bewurkje seksje | edit source]

Der wurde fansels ek mannich âldere stikken arranzjearre en werskreaun foar harmony-orkesten. Oant yn de fyftiger jierren fan de tweintichste ieu bestie it wenstige repertoire foar it harmony-orkest benammen út bewurkings fan klassike ûvertueres en marsen. Nei dy tiid kaam der in weach fan nije orizjinele wurken dêr't in soad stylfernijings yn trochfierd waarden. Guon moderne komponisten meitsje sels ferskillende ferzjes fan har stikken, sadat se sawol troch in fanfare-, harmony- as in symfoany-orkest útfierd wurde kinne. Mei de hieltyd better wurdende muzikanten, it ynstrumintarium en de profesjonele diriginten, kinne hjoed de dei ek amateurorkesten knappe útfierings jaan fan technysk en muzikaal slim drege stikken.

Konkoersen[bewurkje seksje | edit source]

In typysk ferskynsel yn de wrâld fan de blaasmuzyk is it hâlden fan konkoersen, wedstriden tusken muzykferienings. In feriening kin dêr oan meidwaan om har eigen nivo te testen en om de ear fan de feriening of it doarp of stêd heech te hâlden. Ek binne harmony-orkesten ferplichte om ienkear yn de fiif jier oan sa'n konkoers mei te dwaan, om't se oars net yn in beskate devyzje fan ien fan de muzykbûnen sitten bliuwe meie. Inkelde konkoersen steane heech oanskreaun, lykas it Certamen Internacional de Bandes de Música Ciutat de Valencia yn het Spaanske Valencia dat alle jierren holden wurdt, of it Wereld Muziek Concours yn Kerkrade dat ienkear yn de fjouwer jier holden wurdt, it Weltjugendmusikfestival yn Surich en de MidEurope Conference yn Schladming, Easteryk. Fierder wurdt om it jir in konferânse fan de World Association for Symphonic Bands and Ensembles (W.A.S.B.E.) organisearre, dêr't foaroansteande harmony-orkesten út de hiele wrâld konserten mei nije stikken jouwe.

Fryslân en it harmony-orkest[bewurkje seksje | edit source]

Yn Fryslân sil men net gau in harmony-orkest tsjinkomme. Harmony-orkesten hawwe har plak yn it suden fan it lân. Yn Fryslân sjocht men - yn alle gefallen op it plattelân - meast allinnich fanfares en brassbands. Dat kin ek noch slim betiizjend wêze want guon fanfares hawwe yn har namme it wurd 'harmonie' stean. It tal harmony-orkesten yn Fryslân sit om de tsien hinne en dy binne benammen yn de gruttere plakken/stêden te finen. CMV Euphonia út Wommels is op it stuit de best prestearende harmonyferiening en is it ienichste harmony-orkest yn Fryslan dat yn 'e earste divyzje spilet.