Harlinger Aardewerk- en Tegelfabriek
It Harlinger Aardewerk- en Tegelfabriek wurdt yn 1972 oprjochte troch Henk en Maaike Oswald op de Foarstrjitte 84 yn Harns. Dit nei it ûntdekken fan in grutte ferburgen tegelkolleksje yn in nij oankocht hûs.
Skiednis diggelguod yn Fryslân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Harlinger Aardewerk- en Tegelfabriek makket ambachtlik ierdewurk en tegels krektlyk as de foarrinder fan it hjoeddeiske fabryk sûnt 1598, de Gleybackery fan Steffen Gunter de Olde yn de Raamstrjitte yn Harns. De fynst fan de ûnefûneminten fan dit earste fabryk, by opgravings yn 1987, wêrby't diggelguod mei it jiertal 1614 derop weromfûn waard, lit de iere produksje yn dizze havenstêd sjen. Nijsgjirrich by dizze fynst wie it feit dat it hjir om it âldste datearre Fryske majolika giet.
Troch de geunstige lizzing oan see, groeide Harns út ta in belangrike havenstêd. Hjirtroch waard it Harnzer ierdewurk in wichtich eksportprodukt. Mei trochdat de grûnstof, de klaai, foar it opkrijen lei, waard it Harnzer ierdewurk en tegelguod in begryp yn de wrâld. In grut part fan de antike tegels yn âlde huzen, pleatsen en musea yn binnen- en bûtenlân komme út Harns. Wichtige wurkplakken yn Harns troch de iuwen hinne wiene ûnder oare:
Pytter Grauda | ± 1670 |
Spannenburg | 1728-1804 |
famylje Feytema | ± 1685-1781, |
famylje Tjallingii | 1781-1910 |
de famylje Van Hulst | 1850-1933. |
Belangrike skilders troch de iuwen hinne wiene
Dirk Danser | 1708-1770 |
Pytter Ruurds | 1754-1800 en benammen |
Pals Karsten | ± 1723 oant nei 1775. |
Pals Karsten wurke yn it fabryk fan de famylje Spannenburg en waard ferneamd troch syn tige eigen prachtige styl wêr't in soad omtinken jûn waard oan de detaillearring fan blommen- en foaral skipstableaus. De styl fan syn hân foarmet noch altyd in ynspiraasjeboarne yn de oplieding fan de skilders fan it Harlinger Aardewerk- en Tegelfabriek. Mei de sluting fan it fabryk fan de famylje Van Hulst yn 1933 en de dêrmei mank geande argyfferneatiging fan 350 jier, kaam der ynearsten in ein oan de iuwenlange tradysje yn Harns.
Nije fabryk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei de oankeap fan it pân op de Sâltsleat nr. 53 troch Henk en Maaike Oswald wurdt 40 jier letter, yn 1972, de basis lein foar de werberte fan it Harnzer ierdewurk en teilguod. By de restauraasje wurde efter it behang en yn de tichtstoarte kelders en wetterputten talleaze fynsten op majolikagebiet dien, wêrtroch harren ynteresse ûntstiet. Ferfolchstúdzje yn it 'Hannemahûs' liedt ta it argivearjen fan it histoarysk noch mar in bytsje oanwêzige spûnzen- en argyfmateriaal.
De gearwurking mei de keramist Hubert de Haas (ferantwurdlik foar it rekonstruearjen fan de histoaryske reseptuer) liedet yn 1972 ta de oprjochting fan it Harlinger Aardewerk- en Tegelfabriek. De wize wêrop dit produkt makke wurdt is identyk oan dy fan de historyske foargongers, nammmentlik 100% hânwurk. It ienige ferskil fan de produkten fan de famylje Oswald mei antike ierdewurk produkten, is de âlderdom. Troch it hanthavenjen fan it iuwenâlde proses kinne de nije Harnzer tegels krektlyk op de muorre ferwurke wurde, te witten: 'kâld setten' (praktysk sûnder foech).
Fabrikaazje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De klaai wurdt suvere, mei wetter fermingd, kneden en yn in fakuümparse wurdt de lucht derút helle.. Dan wurdt de sêfte klaai rôle ta in dikte fan ± 8 mm. Dizze rôle "plakken" klaai lizze ien nacht te drûgjen en binne de oare deis yn in 'Learhurdstadium' geskikt om ta tegel ferwurke te wurden. De teilmakker brûkt hjirby noch itselde ark as 400 jier lyn, nammentlik in mes en in houten mal mei spikerkes yn de hoeken. De spikeres binne om de tegel by it op maat snijen teplak te hâlden. Letter binne en bliuwe de ôfdrukken fan it spikerke as lytse puntsjes yn de glazuer te sjen. Trochdat de teilmakker op gevoel de teil mei de hân noch wat skean nei binnen ôfsnijt kin dizze nei de tiid op de oarspronklike wize ferwurke wurde, praktysk sûnder foech.
It skilderjen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei it drûgjen wurdt de teil foar de earste kear bakt (biskwy) en dan mei de hân oerjitten mei in dekkend tinglazuer, makke nei reseptuer út de 16e en 17e iuw. Nei it glazuren folget de lêste stap: it skilderjen. By elk dekor brûkt de skilder in spûns. In spûns is in dekortekening wêrfan de kontoerlinen fyn trochpjukt binne. Dizze spûns wurdt op de noch fochtige glazuer lein en mei in sekje houtskoalpoeier bestood. De no sichtbere stippelline is de ienige ûndersteuning foar de skilder. De stippelline wurdt mei in tinne trekpinsiel 'lutsen' wêrnei't it dekor ynfold wurdt mei kleur. De ferven dêr't mei skildere wurdt binne yn feite glazueren dy't op kleur brocht wurde troch der in metaalokside by te dwaan. Dizze fersmelte mei de laach tinglazuer by de twadde brân.
Hoewol't it ramtwurk fan it dekor troch de spûns fêstleit, bliuwt de styl fan de skilder werkenber. Ynfolling fan bygelyks see- en lofttaferielen bepale it hânskrift fan de skilder en dêrmei it unike karakter fan elk produkt. De hjirboppe beskreaune technyk stiet bekend as de majolika of faiencetechnyk. Dit is de alâlde technyk dy't iuwenlang yn Fryslân tapast waard en no noch mar selden brûkt wurdt. It Harlinger Aardewerk- en Tegelfabriek hâldt dizze technyk yn eare.
It Harlinger Aardewerk- en Tegelfabriek is hjirtroch by steat de ierste oant en mei de jongste skiednis yn dizze technyk te restaurearjen en of te kompletearjen. Troch it unike hânwurk is, neist de wyls tige útwreide kolleksje ierdewurk en tegels, elk tinkber idee of motyf nei eigen ûntwerp of foarbyld te meitsjen, kwa maat én kleur. Oft it no giet om in karakteristike libben wite wand 'âld Hollânske wytsjes' of om in ryk ornamintearre tegelwand mei tableaus, de tapassingsmooglikheden binne ûnbeheind.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnefermelding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Folder fan de Harlinger Aardewerk- en Tegelfabriek, lêste kear útbrocht en/of bewurke 26 maaie 2007 troch Guido Andriol, frij te krijen yn 3 talen (Nederlânsk, Dútsk en Ingelsk)