Haachsk Gemeentemuseum

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
GemeentemuseumDenHaag.jpg

it Gemeentemuseum De Haach is in museum yn De Haach mei in grutte kolleksje moderne keunst.

It museum hat in museumwinkel mei in grut ferskaat oan boeken, keramyk, design en kadoartikelen. Foar bern en jongerein binne der diverse programma's beskikber. Fierders binne rûnleidingen foar groepen mei ferskate tema's mooglik.

It gebou[bewurkje seksje | edit source]

It gebou is iepene yn 1935 en is in ûntwerp fan Hendrik Petrus Berlage. It wie syn lêste grutte wurk foar syn dea yn 1934. Yn de tún efter it museum stiet in restaurant, ek in ûntwerp fan Berlage.

Tusken 1995 en 1998 waard it museum yngeand restaurearre. Restauraasjearsjitekt wie Braaksma en Roos Arsjitektenburo. Tagelyk waard it ek in bytsje útwreide. Under de binnentún waard in kelder makke. Tusken it museum en it oude tsjettelhûs waarden wurkplaatsen realisearre.

It Schamhartpaviljoen út 1963 (neamd nei Sjoerd Schamhart), neist it museum oan de Stadhouderslaan, waard losmakke. Oant doe ta wie it mei in loftbrêge mei it gemeentemuseum ferbûn. Yn 2002 waard hjir it Fotomuseum De Haach festige.

Kolleksje[bewurkje seksje | edit source]

Piet Mondriaan[bewurkje seksje | edit source]

De kolleksje bestiet ûnder oaren út it wurk fan Piet Mondriaan (de grutste yn de wrâld); dy waard opboud rûnom in skenking fan de grutte Mondriaansamler Salomon B. Slijper. Slijper hie meast wurk út Mondriaan syn figurative perioade, eardat dy oan syn ferneamde neoplastyske skilderijen begûn. Under oaren is Victory Boogie Woogie (in skinking út 1998 fan De Nederlandsche Bank) hjir te sjen.

Fierders hat it museum ek skilderijen fan Pablo Picasso, Theo van Doesburg, Bart van der Leck, Charley Toorop en Francis Bacon op'e noed.

Der is ek in samling printen [1], klean en muzykynstruminten [2].

Stylkeamers[bewurkje seksje | edit source]

Der binne sân stylkeamers [3] ynrjochte dêr't kunstnijverheid yn útstald wurdt:

Sinds 2005 is der in part de kelder fan it museum foar de jongerein ynrjochte, de saneamde "Wûnderkeamers". De wûnderkeamers biede in part út de kolleksje (útsocht troch in konservator nei oerlis mei de doelgroep) en in grut tal ynteraktive opstellingen.

Neist de fêste kolleksje binne der ek wikselútstallingen.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Prentenkabinet
  2. Muziekinstrumenten
  3. Stijlkamers Gemeentemuseum Den Haag