Hûsdokter

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Hûsarts")
Gean nei: navigaasje, sykje

Hûsdokter is it yn it generaal in dokter dy't perifear wurket (net yn in sikenhûs) en dy't ree is minsken mei sûnnens problemen better te meitsjen.

Stúdzje[bewurkje seksje | edit source]

Yn Nederlân folget de hûsdokter nei de middelskoalle in doktoraal eksamen genêskunde, dernei wurket er/hja twa jier gear yn assistenskippen. Sûnt 1973 is der in hûsdoktersoplieding, dy't op it stuit trije jierren duorret. Yn 2005 is der in nije stúdzjestruktuur ynfierd, foar't jin basisdokter is binne der twa riten opliedings, in bachelor fase fan trije jier, en in master fase fan trije jier. Jin kin dan de oplieding ta basisdokter folgje.

In hûsdokter is einlings in medysk spesjalist yn it generaal.

Wurksumheden[bewurkje seksje | edit source]

De hûsdokter is yn earste ynstânsje in oansprekpersoan foar pasjenten dy't sûnnens problemen hawwe. troch de wiidweidige oplieding kin hy likernôch 90% sels oan en ferwizet de oare 10% troch nei immen mei in spesjalistyske eftergrûn.. Hjirtroch hat de hûsdokter bettere kunde fan de pasjent en wit krekt hoenear't:

  • Hy immen nei in spesjalist trochferwize moat
  • Hy hat persoanlike bining mei de pasjent, en wit sadwaande mear as oare dokters en soarchhelpers wêr de pasjent mei yn de kunde komme kin.

External links[bewurkje seksje | edit source]