Springe nei ynhâld

Grutte bûnte wilster

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Grutte Bûnte Wilster)
grutte bûnte wilster
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift wilstereftigen (Charadriiformes)
famylje wilsterfûgels (Charadriidae)
skaai bûnte wilsters (Charadrius)
soarte
Charadrius morinellus
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     simmerfûgel
     wintergast
     trochtrekker

De grutte bûnte wilster (Charadrius morinellus) is in is in wilster út it skaai fan de bûnte wilsters.

De grutte bûnte wilster is wat lyster as in klyster, mar liket op de grûn troch syn lange giele poaten dochs grutter. De wilster is sa'n 21 sm lang en hat in wjukspanwiidte fan 60 sm. In mantsje waacht in 100 gram, de wyfkes binne mei 120 gram justjes swierder.
Yn Briedkleed is de soart goed wer te kennen. It opfallendste is de brede wynbraustreep dy't oant yn de nekke ta rint. Fierders hawwe se in wite streep oer it boarst rinnen tusken de oare donkere parten fan it boarst. Fierders hawwe se in griis boarst en nekke en in brune in swart oergeande bûk.

Mantsje mei jongen
Aai fan 'e grutte bûnte wilster.

It Briedgebiet fan de grutte bûnte wilster leit meast op de toendra's fan Euraazje. Der binne ek wol fûgels dy't yn de Alpen foarkomme.
Yn Nederlân hat tusken 1961 en 1969 ek in groep fûgels de Noardeastpolder brûkt om te brieden.

De balts fan de grutte bûnte wilster is opfallend. Hjir besiket it wyfke it mantsje te lokken. It nêst wurdt op de grûn makke en is faaks net mear as in kûltsje mei wat plantemateriaal beklaait. It wykje leit meast trije aaien dy't troch it mantsje yn 22 oant 26 dagen útbriedt. It wyfke hâldt har dwaande mei it ferdigenen fan de omjouwing. Nei it útkommen fan de aaien ferlitte de jongen fuortendalik it nêst en wurde dan noch sa'n 30 dagen troch it mantsje fersoarge.