Springe nei ynhâld

Grutte seachbek

Ut Wikipedy
grutte seachbek

mantsje (foaroan) en wyfke (dêrefter)
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Ansariformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai seachbekken (Mergus)
soarte
Mergus merganser
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     stânfûgel
     simmerfûgel

     wintergast
     trochtrekker


De grutte seachbek (Mergus merganser) is in fûgel út it skaai fan de seachbekken.

De grutte seachbek wurdt yn it Frysk ek wol oantsjut mei: grutte bûnte dûkein, grutte bûnte dûkelein, grutte bûnte dûker as grutte seachdûker.

It wyfke.

De grutte seachbek is in 65 sm grutte ein. It mantsje is goed wer te kennen oan syn swarte grieneftich glânzjende kop en syn swarte rêch; fierder is er wyt. It wyfke liket op de bûnte seachbek mei har readbrune kop en fierders grize fearren.

It iten fan de grutte seachbekken bestiet foaral út fisk, dy't se mei harren smelle skerpe snaffel ûnder it dûken fange. De fûgels kinne wol oant sa'n tsien meter djip dûke.

De briedgebieten fan de grutte seachbek binne te finen yn Noard-Jeropa, Noard-Aazje en Noard-Amearika. Yn de winter lûke de fûgels nei iisfrij wetter, meast gruttere marren mei in protte fisk. Yn de súdlike parten fan syn ferspriedingsgebiet bliuwt de fûgel it jier rûn op it selde plak.

Aaien fan de grutte seachbek

Grutte seachbekken binne hoalebrieders, dy't meast beamhoalen brûke. It hol wurdt mei dûns beklaaid wêrnei't it wyfke fan april ôf sa'n 7-14 aaien leit. De aaien wurde allinich troch it wyfke yn 32 oant 35 dagen útbret. De einepyken ferlitte it nêst nei in dei, wêrby't se harren nei ûnderen falle litte. It wyfke liedt de jongen nei it wetter. Ynstee fan fisken frette de jongen earst in skoft wetterynsekten en wjirms.