Gieltsje

Ut Wikipedy
gieltsje
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme lidpoatigen (Arthropoda)
klasse ynsekten (Insecta)
skift flinters (Lepidoptera)
famylje wytflinters (Pieridae)
skaai gieltsjes (Gonepteryx)
soarte
Gonepteryx rhamni
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige

It gieltsje (Gonepteryx rhamni) is in flintersoarte yn it skaai fan de gieltsjes (Gonepteryx).

Foarkommen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It gieltsje is in algemiene stânflinter. Hy libbet op ferskate plakken dêr't de planten Stikelhout en Sprakelhout groeie. It Gieltsje wurdt yn hiel Nederlân waarnommen, allinnich op de seeklaai, it rivieregebiet en de Flevopolders is er wat seldsumer. It Gieltsje is de lêste tsien jier sterk efterútgongen. Oft dat no ûnderdiel is fan natuerlike ferskillen of dat it gewoan in efterútgong is, is net dúdlik.

Op de reade list stiet de flinter as: net bedrige.

Flinter[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wjuklingte is 27 oant 30 mm. It Gieltsje is dúdlik wer te kennen. It mantsje is gielich, mar it wyfke is ynwyt, folle witer as it mantsje. De flinter oerwinteret yn beamkeguod en tichte gerssoarten.

Fleantiid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Gieltsje fleant fan begjin july oant de winter. It fleant altyd yn ien generaasje.

Rûp[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De rûp kin oant 35 mm wurde. It liif is grien mei fine swarte stipkes. De kop is grien en is ek bedutsen mei swarte stipkes. De groeitiid fan de rûp is fan de maitiid oant de simmer.

De rûp fret fan Sprakelhout en Stikelhout.

Taksonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Gieltsje waard troch Carolus Linnaeus beskreaun as Papilio rhamni yn de tsiende útjefte fan syn Systema Naturae (1758). De namme Gonepteryx rhamni wurdt taskreaun oan William Leach (1815).

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Wikisoarten-side - Gieltsje (Gonepteryx rhamni).