Springe nei ynhâld

Gentofte (gemeente)

Ut Wikipedy
Gentofte
flagge wapen
lokaasje
polityk
lân Denemark
regio Haadstêd
boargemaster Hans Toft (sûnt 1993)
sifers en geografy
haadplak Charlottenlund
ynwennertal 75.803 (2018)
oerflak 25,59 km²
skiednis
oprjochte
oar
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.gentofte.dk

Gentofte is in gemeente yn de regio Haadstêd (Deensk: Region Hovedstaden) yn Denemark. It súdlike diel fan de gemeente grinzget oan de gemeente Kopenhagen en westlik grinzget de gemeente oan de stêd Gladsaxe. De gemeente is de rykste gemeente fan Denemark. Tradisjoneel hat de gemeente in konservative boargemaster en de konservative fraksje yn de gemeenteried hat al sûnt jierren in absolute mearderheid.

Yn it ramt fan de gemeentlike weryndieling bleau de gemeente yn 2007 selsstannich.

Yn de gemeente lizze trije stêden: Gentofte, Vangede en Ordrup. Oare plakken binne Charlottenlund, Dyssegård, Hellerup, Jægersborg, Klampenborg en Skovshoved. It riedshûs stiet net yn de stêd Gentofte, mar yn Charlottenlund.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: