Gemyske reaksje

Ut Wikipedy

In gemyske reaksje is in proses dêr't bepaalde ferbiningen (atomen of molekulen) by fia net-fysyske wei omsetten wurde yn oare ferbiningen troch it foarmjen dan wol brekken fan gemyske biningen. Mei net-fysyske wei wurdt bedoeld dat de gemyske identiteit fan de ferbiningen ferlern giet. By in fysyske omsetting, lykas ranen of ferdampe, is dat net sa. Dêrby wurde allinnich yntermolekulêre krêften ferbrutsen of foarme.

De reagearjende dieltsjes wurde reagintsia of reaktanten neamd. De ferbiningen dy't troch in gemysk proses foarme wurde, wurde de reaksjeprodukten neamd.

In foarbyld is de ferbaarning fan metaan:

By dy reaksje wurde de gemyske ferbiningen tusken de atomen yn metaan en de gemyske biningen tusken de atomen yn soerstof ferbrutsen en twa nije gemyske ferbiningen (koalstofdiokside en wetter) makke mei dy atomen.