Gemeenten fan Noarwegen

Ut Wikipedy
It steatswapen fan Noarwegen.

Noarwegen bestiet per 1 jannewaris 2018 út 422 gemeenten (kommuner) dy't de ûnderste bestjoerlike laach fan it lân foarmje. De gemeenten binne foar in part of folslein ferantwurdlik foar basisûnderwiis, fuortset ûnderwiis, gemeentlik dykbehear, sosjale foarsjennings, wetterfoarsjenning, riolearring en romtlike oardening.

It heechste bestjoersorgaan binnen in gemeente is it gemeentebestjoer (kommunestyret) mei troch de befolking keazen leden. Minimaal fiif fan dizze leden wurde ferkeazen foar it útfierend kolleezje of deistich bestjoer (formannskap), it twadde bestjoersorgaan binnen in gemeente. It tredde orgaan is de boargemaster (ordfører).