Frysk Jeugd Fanfare Orkest

Ut Wikipedy

It Frysk Jeugd Fanfare Orkest (FJFO) is in Frysk jongereinorkest dat oprjochte waard op 1 maaie 1997.

Doel fan it orkest is it stypjen fan talintfolle muzikanten en har ûnderfining op dwaan te litten mei fanfaremuzyk. It Frysk Jeugd fanfare orkest bestiet út Fryske jongerein tusken de 13 en 24 jier. De orkestlieding is yn hannen fan Syde van der Ploeg, dosint grut koper by muzyksintrum Ritmyk. De muzykynstruminten fan it orkest binne bariton/eufoanium, bas, bugel, hoarn, saksofoan, slachwurk, tromboane en trompet.

De 45 muzikanten (2018) komme om de fjirtjin dagen gear yn Arum om te repetearjen. Der wurde binnen en bûten Fryslân konserten jûn. Alle jierren is der in stúdzjewykein en wurdt in grut muzykevenemint besocht, lykas it ynternasjonale muzykfestival yn it Dútske Rastede of it ynternasjonale jeugdfestival yn it Belgyske Neerpelt.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: