Freinetûnderwiis

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
It setten en printsjen fan teksten binne wichtich yn it Freinetûnderwiis
Troch it setten fan teksten leare de bern op in natuerlike manier lêzen
Lannen mei Freinetûnderwiis

It Freinetûnderwiis is útfûn troch Célestin Freinet.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Utgongspunten

  • It bern libbet yn in sosjale omjouwing, dit jildt sawol de thússituaasje en de skoalsituaasje.

Freinet ferbynt dizze situaasjes yn dy sin dat hy de sosjale striid net los wol sjen fan de pedagogyske prinsipes. De skoalle mei net opfiede en ûnderwize foar de kaptalistyske maatskippij mar sy draacht soarch foar de foarming fan krityske folwoeksenen. Freinet sjocht de skoalle as ynstrumint yn de sosjale striid. It lot fan de skoalle is ferbûn mei it lot fan de boeren en arbeiders. Underwiis is dus in middel ta maatskiplike feroaring.

  • Yn de thússituaasje wurdt it bern konfrontearre mei it libben en wurk fan de âlden, de arbeid nimt in grut plak yn it tinken en hanneljen fan de minsk.

Fandêr dat Freinet de arbeid as wichtichste foarmingsprinsipe hantearret. Net it spul, mar de arbeid sil de sintrale plak yn it ûnderwiis ynnimme. Dit is arbeid is foar de bern gjin belesting, it moat in plezierich karakter hawwe.

[bewurkje seksje] De rol fan de learkrêft en fan de bern.

Yn it hjoeddeistige Freinetûnderwiis wurde de rollen fan de learaar en de bern bepaald troch de útgongspunten en troch de yndividualiteit fan de bern.

  • It bern is in yndividu mei in eigen belibbingswrâld en ûnderfiningswrâld

It bern is sels gruttendiels ferantwurdlik foar de eigen ûntwikkeling, wat ynhâldt dat it frij kieze mei. De rol fan de learaar wurdt bepaald troch it útgongspunt fan de belibbingswrâld en ûnderfiningswrâld en troch de karfrijheid. De learaar observearret it bern en syn wrâld en skept in stimulearjende omjouwing as betingst foar in optimale kar. Hy begeliedet de keazen arbeid.

  • It bern is in sosjaal wêzen

It bern wurdt opfieden om syn mooglikheden yn tsjinst fan de oar te stellen. It draacht net allinnich ferantwurdlikheid foar syn eigen ûntwikkeling, mar soarget der ek foar dat it groepsbarren ek goed ferrint. Foarbylden hjirfan binne de klassegearkomsten oan it begjin fan de dei en de ferantwurdlikheden (taken as it fersoargjen fan planten en bisten, it oprêden fan it lokaal). De learaar is yn dit gefal in lykweardich lid fan de klassegroep.

  • De arbeid draacht it meast by oan de foarming fan it bern

Bern en de learaar ferbliuwe gruttendiels yn in wurksituaasje. Yn dizze wurksituaasje is der in soad frijheid. Der is in frije kar yn it skriuwen fan teksten. Yn prinsipe mei it bern elts momint fan de dei oer eltse belibbenis in tekst skriuwe. Yn in soad Freinetskoallen is der in oere ynroastere om teksten te skriuwen. In echte frijheid is der dan net. Der is frije kar yn it dwaan fan ûndersyk. Der is in frije kar yn it dwaan fan kreative arbeid. Der is in frije kar yn it ynfoljen fan de dei of wikeplanning.

[bewurkje seksje] Ynhâld

Gjin skoalboeken yn de klasse seit Freinet. Boeken hawwe in gedrachsbefestigjende ynfloed en kinne dêrom net bydrage oan de foarming fan in krityske hâlding. Ek hâlde se gjin rekken mei de belibbingswrâld fan de bern. De ynhâld fan it Freinet ûnderwiis sjocht der oars út.

  • De frije teksten , dy’t de bern skriuwe, foarmje it útgongspunt fan de taallessen.

De groepsfergadering kiest in tekst út foar besprekking en fersprieding. De tekst komt op it boerd te stean wêrnei't de korreksje plakfynt. Staveringsflaters wurde sûnder wiidweidige behanneling ferbettere. De styl wurdt byskaafd. Dan folget it setten en printsjen. Nei oanlieding fan opfallende dingen of dingen dy’t echt better gean moatte stelt de learkrêft in taaloefening gear.

  • De frije teksten wurde ek brûkt by it lêsûnderwiis.

De bern lêze ferhaaltsjes dy’t se sels skreaun en setten hawwe. Se dogge der analyze en synteze oefeningen mei, wylst de kearnwurden yn it lokaal komme te hingjen. Sa leare de bern op in natuerlike wize lêzen. Dizze wurkwize wurdt ek tapast op oare skoallen.

  • It rekenûnderwiis wurdt opboud fanút de ûnderfinings fan de bern.

De learaar tinkt der goed om oft de bern yn harren ferhalen rekkenmooglikheden oanrikke en hokker. Yn de rekkenhoeke, wêryn ferskeidene mjitynstruminten en telmateriaal gearbrocht is, kinne de bern harren ûnderfinings mei proefkes útfine. De bern oefenje harren rekkenfeardigheden yn mei kaarten dy’t selskorrisjearjend binne. Se leare op in natuerlike manier rekkenjen. It automatisearjen komt letter oan de oarder.

[bewurkje seksje] Groepearring

It Freinetkonsept giet út fan de jierklassen. Mar guon skoallen binne ûnder ynfloed fan it Jenaplan ûnderwiis foar de stamgroepen gien. De klassefergadering is it startpunt foar it wurkjen yn ferskillende groepearringsfoarmen. Eltse dei begjint en eindiget mei in petear weroan alle bern meidogge. De bern binne om bar foarsitter. Yn de klassegearkomst praat men oer de gong fan saken foar dy dei, wurde krityke fragen en felisitaasjes fan de muorrekrante nei foaren brocht, lêze de bern teksten foar en dogge se ferslach fan útfierde ûndersiken. Nei de klassegearkomst nei oanlieding fan de dêryn makke ôfspraken wurkje de bern yndividueel of yn groepkes oan de kar dy’t se sels útsocht hawwe, dit wurdt allinnich ûnderbrutsen troch klassikale mominten. De klassikale mominten binne bygelyks it korrisjearjen fan teksten of in les fan in learaar.

[bewurkje seksje] Middelen

It wichtichste ding is de drukparse, wêrmei't de teksten fan de bern fermannichfâldige wurde. De bern sette en printsje de teksten sels. Ek allegear oare druktechniken wurde brûkt lykas de djipdruk. De skoallekorrespondinsje is ek in middel wat brûkt wurdt op in Freinetskoalle. De bern stjoere dan harren teksten en harren wurkjes nei in oare Freinetskoalle. En dizze skoalle reagearret faaks werom. De wurkhoeken nimme ek in wichtich plak yn. Yn dizze hoeken binne ferskatee materialen gearbrocht. Mei dat materiaal kinne de bern sels eksperimintearje. Selsstandich ûndersyk wurdt stimulearre. De muorrekrante is in middel foar it kenber meitsjen fan de krityk, fragen en felisitaasjes fan de bern. De foarsitter bringt de ynhâld fan de muorrekrante yn de klassegearkomst nei foaren. In oar middel is de literatuer wêrûnder gedichten. By in Freinetskoalle heart in tún. It kontakt mei de natoer is nau ferbûn mei de belibbingswrâld fan de bern. Se belibje hoe oft de planten en bisten groeie. En se wurkje mei-elkoar yn de skoalletún.

[bewurkje seksje] Evaluaasje

Der binne twa soarten evaluaasjes. De earste is de mienskiplike evaluaasje. Dizze fynt plak yn de klassegearkomsten en by it ferbetterjen fan de frije teksten en de taaloefeningen. Yn de klassegearkomst wurdt it dei- en wikeplan dat it bern makke hat om syn wurk yn te dielen evaluearre. Wat is wol bard en wat net. Dizze groepsevaluaasje is faaks basearre op selsevaluaasje. Ek besprekke de learaar en de bern wurkstikken en ferslaggen fan ûndersyk yn de gearkomst. De twadde is de evaluaasje troch de learaar. De learaar hâldt op spesjale formulieren de dei- en wikeplanningen en de foarderingen fan de bern by. Dit moat ek fan de ynspeksje.

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen