Filla Casparus

Ut Wikipedy
Filla Casparus
Gebou eardere Philips-Van Houten

Filla Casparus is in monumintale filla oan de Amstellânleane yn de gemeente Weesp. De opdrachtjouwer wie Casparus van Houten, eigener fan it sûkelarjefabryk Van Houten.

De filla is boud yn 1901 yn eklektyske styl troch de arsjitekt Abraham Salm en hie oarspronklik 99 keamers. It hat in ljochtkoepel mei brânskildere glês ûntwurpen troch Adolf le Comte. Om 1950 waard nei de ferbouwing yn de reuseftige wenning it fytsfabryk Magneet fêstige. Yn 2002 kaam in ferbouwing ta stân ta appartemintekompleks. It gebou is in gemeentlik monumint.