Fiktaaljebruorren

Ut Wikipedy
Seldsum eigentiidsk ôfbyld fan Fiktaaljebruorren. Fresko yn de tsjerke fan Bunge op Gotlân, ±1405
De eksekúsje fan Klaus Störtebeker en oare Fiktaaljebruorren yn 1401

De Fiktaaljebruorren wienen seerôvers dy't yn 1392 as kapers yn tsjinst fan Meklenburch en Sweden, tsjin Denemark en de Hânzestêd Lübeck striden. Harren oanfierder wie Klaus Störtebeker.

It begûn mei it feroverjen fan Deenske en Lübeckse skippen yn de Eastsee dy't Stockholm fan foarrieden foarseagen. Al gau wurken de Fiktaaljebruorren foar harsels. Yn 1393 waard de Noarske stêd Bergen ferovere, en yn 1394 de Sweedske stêd Malmö en it eilân Gotlân. Fan dat eilân waarden de Fiktaaljebruorren ferdreaun troch de Dútske Oarder yn 1394. Dat barren betsjutte harren definitive oergong nei seerôvers.

It wurd 'Fiktaalje' hâldt yn de proviand dy't meinommen wurdt op in skipfeart.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]