Ferry Huber

Ut Wikipedy

Ferdinand Gustaaf Adolf (Ferry) Huber (Binjei, 26 oktober 1916Vught, 9 febrewaris 1994) wie in Nederlânske politikus fan de CHU en letter it CDA.

Huber, lid fan de famylje Huber, waard berne op de tabaksûndernimming Bekioen yn Binjei (eastkust fan Sumatra) as soan fan in dokter. Doe't er fiif jier wie kaam er fan Nederlânsk-Ynje nei Nederlân dêr't er yn jannewaris 1942 yn de rjochten ôfstudearre oan de Ryksuniversiteit Utert. Dêrnei wie mr. F.G.A. Huber oant 1945 advokaat en prokureur yn De Haach. Yn de Twadde Wrâldoarloch wie Huber yn de jierren 1941-45 fêste meiwurker fan de fersetskrante " Slaet op den trommele" (útjûn yn Utert). Nei de oarloch waard er direksje-sekretaris fan in rydrederij en yn septimber 1946 makke er de oerstap nei it Centraal Bureau voor de Ryn - en Binnenscheepvaart dêr't er it brocht ta adjunkt-direkteur. Yn july 1955 waard Huber beneamd ta boargemaster fan It Amelân dêr't er R. Walda opfolge. Yn jannewaris 1962 folge syn beneaming ta boargemaster fan Goes. By de gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 1970 wêrby't inkelde gemeenten (foar in part) opgiene yn de nije gemeente Goes waard er ûntslein, mar 3 moanne letter waard Huber fannijs beneamd ta boargemaster fan Goes.

Yn 1981 gie er dêr mei pensjoen en begjin 1994 ferstoar er yn 'e âldens fan 77 jier.