Fermanje fan Wergea (Gele Eker)

Ut Wikipedy
Fermanje fan Wergea (Gele Eker)
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Ljouwert
plak Wergea
adres Gele Eker 1
koördinaten 53° 09' N 5° 50' E
Tsjerklike gegevens
status yn 1956 bûten gebrûk steld
no apparteminten
Arsjitektuer
boujier 1863
Kaart
Fermanje fan Wergea (Fryslân)
Fermanje fan Wergea

De Fermanje oan de Giele Eker wie oant de jierren 1950 de tsjerke fan de menistegemeente yn Wergea. It gebou krige in oare funksje nei't de menisten ferhûzen nei de doedestiidske nijbou oan de Tsjerkebuorren en hjoeddedei binne der apparteminten yn ûnderbrocht.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke ferfong healwei de 19e iuw in âlder gebou eastlik fan it doarp. Oant 1956 bleaune de minnisten gebrûk meitsjen fan it gebou. De krimp fan de gemeente makke doe in lytsere nijbou winsklik, dy't foar de gemeente troch de Mennonite Voluntary Service (MVS) oan de Tsjerkebuorren boud waard. Yn 2009 wie de Wergeaster menistegemeente sa lyts woarn, dat ek dy tsjerke opjûn wurde moast. De noch besteande leden fan de gemeente binne doe tagelyk mei seis oare gemeenten opgien yn de nij foarme Menistegemeente Mid-Fryslân en de tsjerke waard oerdien oan de herfoarme gemeente.

De âlde tsjerke oan De Eker waard nei sluting ynearsten in wurkpleats en in doch-it-selssaak en yn 2003 folge de ferbouwing fan de eardere tsjerke ta acht apparteminten.

It geveltuorke ferhûze nei de feroaring fan funksje yn 1956 nei in tún yn Warten, mar yn 2005 krige it gebou in replika fan it tuorke werom.[1]

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel fan de menistetsjerke wie in ynstrumint út 1863, dat troch de bruorren Adema boud wie mei gebrûk fan it materjaal fan it âldere oargel út 1817 fan P.C. Dorhout en A. Hessels.

Yn it ramt fan de tsjerkesluting ferhûze it ynstrumint nei de grifformearde Salvatortsjerke yn Arnhim, dêr't it noch oant 1997 tsjinst dien hat.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: