Ferfeljen

Ut Wikipedy
De ôfsmiten hûd fan in slange dy't efterlitten is by it ferfeljen.

Ferfeljen is in biologysk proses by beskate soarten bisten. Dêrby smite se har âlde hûd ôf, dêr't al in nije hûd ûnder groeid is. Soks komt foar by lidpoatigen en in protte oare wringeleazen, mar ek by amfibyen en reptilen. Minsken ferfelje ek, benammen op 'e rêch, as se te lang ûnbeskerme yn 'e sinne west en sinnebrân oprûn hawwe.

By slangen en hagedissen bart ferfeljen geregeldwei, mei't de hûd by dy bisten net meigroeid mei it lichem. Eltse kear as it bist te grut wurdt foar syn hûd, moat er dus ferfelje. Slangen en hagedissen wriuwe by it ferfeljen tsjin rûge oerflakken oan om 'e âlde hûd kwyt te reitsjen. Hagedissen ite nei it ferfeljen de âlde hûd faak op fanwegen it kalsium en oare fiedingsstoffen dy't deryn sitte. Slangen litte de âlde hûd ornaris lizze. Ek kikkerts en salamanders ferfelje geregeldwei en ite neitiid de âlde hûd op.

Fan 'e lidpoatigen is ferfeljen benammen bekend fan ynsekten, spineftigen en kreefteftigen. By lidpoatigen wurdt by dit proses net inkeld de hûd, mar it hiele eksoskelet ôfsmiten, dat net meigroeie kin. Spinnen ferfelje hiel geregeld en lûke har foar dat proses faak yn in skûlplak werom. By ynsekten bart ferfeljen faak as se fan in larvaal stadium feroarje yn in folwoeksen bist. As dat proses tige yngeand is en it hiele lichem feroaret (lykas fan in rûp yn in flinter, sprekt men net mear fan ferfeljen, mar fan ferpopjen yn in proses dat in metamorfoaze neamd wurdt.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.