Springe nei ynhâld

Fedor von Bock

Ut Wikipedy
Fedor von Bock (1939)

Fedor von Bock (3 desimber 1880, Kostrzyn nad Odrą, Poalen4 maaie 1945, Aldenburch yn Holstein) wie in Dútsk fjildmaarskalk fan it Dútske Leger tidens de Twadde Wrâldkriich. By de Poalske Fjildtocht fan 1939 hie er de lieding oer Heeresgruppe Nord, by de Slach om Frankryk fan 1940 oer Heeresgruppe B en letter, by de oanfal op de Sovjet-Uny, oer Heeresgruppe Mitte. Syn lêste befel hie er yn 1942 oer Heeresgruppe Süd.

Yn de hearst en winter fan 1941 hie Bock de lieding oer Operaasje Taifûn, it úteinlik mislearre besykjen om de stêd Moskou yn te nimmen. It offinsyf fan de Wehrmacht krige in protte wjerstân fan de Sovjet-legers en ek de waarsomstannichheden wienen min. In tsjinoanfal soarge derfoar dat Bock syn striidkrêften weromlûke moast.