Fauna yn Fryslân
Fauna yn Fryslân | |
---|---|
| |
Untwikkelder | Naturalis Biodiversity Center |
Meast resinte ferzje | 1.0/ 12 novimber 2014 |
Platfoarm | Android, iOS |
Kategory | Ynternet |
Lisinsje | Freeware |
Webstee | (ned) www.naturalis.nl |
Fauna yn Fryslân is in fergese Frysktalige ynternet-applikaasje. Hy beskriuwt goed 200 bistesoarten dy’t karakteristyk of wichtich foar Fryslân binne. Soks giet fan (hast 100) fûgels fia fisken en sûchdieren oant amfibyen en ynsekten.
De applikaasje befettet boppedat de earste folsleine, yntegrale list fan de hast 1500 bistesoarten dêr’t op ’t heden in Fryske namme foar bestiet; dy list is sawol Nederlânsk > Frysk as oarsom te rieplachtsjen. En foar de jongerein is in natoerkwis opnaam om de kennis te testen en út te bouwen. Boppedat wurdt in boekprojekt op priemmen set dêr’t deselde 200 soarten yn behannele wurde; boek en app binne ûnderdiel fan in grutter projekt, Natoer yn Fryslân.
De applikaasje is in inisjatyf fan Taalburo Popkema en Utjouwerij Wijdemeer; Naturalis út Leien hat de technyske ûntwikkeling op syn noed naam en gâns biologyske ynformaasje levere. De applikaasje is fierder mooglik makke troch û.o. de provinsje Fryslân, it Fryske Gea en de BFVW.
Yn de App Store en de Play Store is de app te finen mei de stekwurden: Fauna Fryslan.