Fasto
| Fasto Vasto |
||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 40.381 (2010) | |
| Oerflak | 70,65 km² | |
| Befolkingstichtens | 577 / km² | |
| Hichte | 148 m | |
| Polityk | ||
| Lân | Itaalje | |
| Regio | Abruzzen | |
| Provinsje | Chieti | |
| Oar | ||
| Tiidsône | CET (UTC+1) | |
| *Simmertiid | (UTC+2) | |
| Webside | Webside gemeente Fasto | |
Fasto is in stêd yn de Italjaanske regio Abruzzen yn de provinsje Chieti. It stedssintrum leit op in plato boppe de Adriatyske kust. Marina di Vasto, mei in haven en brede sânstrannen heart ek by de gemeente.
Neffens de leginde is de stêd stifte troch in stam út Dalmatië, de earste namme wie Histon. De Romeinen neamden de stêd Histonium, dat in wichtich plak waard. Ut dy tiid binne ek de oerbliuwsels fan it amfiteater en de thermen dy't by de stêd lizze. Nei de delfal fan it Romeinske Ryk waard Fasto ferwoastge troch barbaarske folken. Yn de midsieuwen rekke Fasto yn hannen fan de D'Avalos dy't dêr it ûnbidige Palazzo D'Avalos bouden. Yn dat gebou sitte tsjintwurdich in tal museums, ûnder oaren it Museo Archeologico.
Benoarden Fasto leit Punta Penne, it meast rûge stik fan de Abruzzeeske kust, in beskerme natuergebiet. Tichteby de kaap stiet de lytse tsjerke Madonna di Punta Penne (1887).
It besjen wurdich [bewurkje seksje]
- Castello Caldora
- Argeologyske sône
- De katedraal San Giuseppe út 1293 (op'en nij boud 1890)
- Tsjerke Santa Maria Magiore (11e ieu)
Ofbylden [bewurkje seksje]
Berne yn Fasto [bewurkje seksje]
- Gabriele Rossetti (1783–1854), Italjaansk/Ingelsk dichter en gelearde
| Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Vasto en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten. |