Evo Morales

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Evo Morales

Juan Evo Morales Ayma (Orinoca, Oruro, 26 oktober 1959) is in Boliviaansk boerelieder, politikus en sûnt begjin 2006 presidint fan Bolivia.

Morales is de lieder fan de progressive Boliviaanske kokalearo-beweging, in losse federaasje fan kokaferbouwende boeren yn de provinsje Chapare yn Súdeast-Bolivia. Boppedat is hy lieder fan de Boliviaanske politike partij Movimiento al Socialismo (MAS). Yn 2005 wûn hy de ferkiezings, as earste ynhiemske lieder yn de Boliviaanske skiednis en waard dêrmei begjin 2006 presidint fan it lân.

Oan de foarjûn fan syn ynauguraasje op 21 jannewaris 2006, wie Evo Morales by in yndiaanske seremoanje op it plak fan de âlde stêd Tiwanaku. Evo Morales is in ôfkommeling fan de Aymará, de neisieten fan de Tiwanaku.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: