Springe nei ynhâld

Emma Sandys

Ut Wikipedy
Emma Sandys

Emma Sandys, berne as Mary Ann Emma Sands (Norwich, 1843 – dêre, novimber 1877) wie in Ingelsk skilderesse. Sy wurdt ta de prerafaeliten rekkene.

Sandys wie de suster fan Frederick Sandys. Beide bern krigen skilderûnderrjocht fan heit Anthony Sands.

Sandys wurke mei oaljeferve en mei kryt en keas fral Midsiuwske tema’s, faak portretten fan moai klaaide froulju. Se skilderde lykas har broer Frederic yn prerafaelityske styl, mei in soad oandacht foar detail. Sandys wurke faak yn it atelier fan har broer yn Londen. Tusken 1867 en 1874 hie hja útstallingen yn Londen (by de Royal Academy of Arts) en ek yn har bertestêd Norwich, dêr't se yn de omkriten fan ek faak skildere.

Oer it libben fan Sandys is net folle bekend. Se stoar yn 1877, mar 34 jier âld.

Wurk fan Sandys is ûnder mear te sjen yn de ‘Walker Art Gallery’, Liverpool, en it ‘Norwich Castle Museum’.

  • Marsh, Jan, Pamela Gerrish Nunn: Pre-Raphaelite Women Artists. Londen: Thames and Hudson, 1998.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]