Springe nei ynhâld

Elisabeth fan Schönau

Ut Wikipedy
Byld fan de hillige Elisabeth yn de kleastertsjerke fan Schönau

Elisabeth fan Schönau (* 1129 Bingen (?); † 18 juny 1164 yn it kleaster fan Schönau) wie in benediktynske non en wurdt tsjintwurdich as hillige fereare. Elisabeth wurdt faak ôfbylde as in benediktynske non mei in boek yn har hân.

Elisabeth waard troch har heit en mem yn de âldens fan 12 jier oan de nonnen fan it dûbelkleaster Schönau tabetroud. It kleaster leit oan de râne fan it plakje Strüth yn it Dútske Taunusberchte (Rhein-Lahn-Kreis). Dêr naam hja yn 1147 op har 18e de sluier oan. Har asketyske libben feroarsake yn de jierren 1147-1152 jimmeroan wer sykte, eangstoanfallen en mismoedigens. Yn brieven warskôge har freondinne Hildegard fan Bingen har om it wat minder nau te nimmen. Yn de midsiuwen wie Elisabeth bekender as Hildegard fan Bingen.[1]

Mei Pinkster 1152 hie se slim te lijen fan in grutte depresje; hja wegerde al it iten. Yn dy tiid behearsken eangst foar sûnde en twifel yn it leauwen de tinzen fan Elisabeth. Nei in krisis fan tsien dagen folge doe in rige fan fisionêre ekstases. Yn ien fan de fisioenen joech de jongfaam Marije treast oan Elisabeth.

Yn 1155 (of 1156) foege Elisabeth's broer Eckbert him yn it manljusdiel fan it dûbelkleaster fan Schönau. Elisabeth joech har del ûnder de lieding fan har biologyske broer, dy't har fisioenen yn it Latynsk opskreau. It wie yn dy tiid dat Elisabeth's fisioenen op it hichtepunt wiene. De wurken Liber viarum Dei (Boek fan Gods Wegen) en twa oare geskriften De resurrectione beatea Mariae Virginis (Oer de opstanning fan de sillige Jongfaam Marije) en Liber revelationum de sacro exercitu virginum Coloniensium (Boek oer de iepenbiering fan it hillige Selskip fan de Jongfammen fan Keulen) binne ûntstien yn de jierren 1156-1159.

Elisabeth fan Schönau ferstoar noch mar 36 jier âld op 18 juny yn it kleaster Schönau en waard begroeven yn de kleastertsjerke.

Ferearing as hillige

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Relykkast mei de plasse fan Elisabeth fan Schönau

De minsken wiene djip ûnder de yndruk fan de dea fan Elisabeth en al gau waard hja troch de befolking as in hillige fereare. Tusken 1420 en 1430 waard har omskot te rêste lein yn in spesjaal foar dat doel oan de kleastertsjerke boude kapel, de Elisabethkapel. Yn de Tritichjierrige Oarloch foelen Sweedske en Hessyske troepen it kleaster oan, dat doe allinnich noch troch muontsen bewenne waard. De muontsen waarden ferdreaun wylst it kleaster plondere waard. It grêf fan de hillige waard iepenbrutsen en har omskot skeind; allinnich de plasse fan de non koe noch rêden wurde. Op it rjochter sydalter fan de tsjerke wurdt dat relyk yn in reliquarium bewarre. De foar de hillige boude kapel waard by de grutte brân fan 1723 ferwoastge en letter net wer opboud.

Elisabeth fan Schönau waard yn 1584 as hillige yn it Martyrologium Romanum ynskreaun. Har feestdei is 19 juny. De lokale parochy fiert alle jierren op de snein nei de 18e juny it tradisjonele Elisabeth-feest.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Elisabeth von Schönau